Kapperssaak yn Ljouwert ûntromme fanwege gaslucht

14 maaie 2020 - 11:02

In kapperssaak oan de Druifstreek yn Ljouwert is tongersdeitemoarn ûntromme fanwege in gaslucht.

Foto: Kappers Media

De brânwacht is oanwêzich om mjittings te dwaan en te ûndersykjen wêr't de lucht wei komt. Omlizzende gebouwen wurde ek ûndersocht. Om it wurk goed dwaan te kinnen is in part fan de Easterstrjitte troch de plysje ôfset.

Trefwurden: 
Ljouwert gaslek
(advertinsje)
(advertinsje)