Ferwerter (34) no fertocht fan besykjen ta moard yn stee fan deaslach

14 maaie 2020 - 10:09

De 34-jierrige Ferwerter dy't earder beskuldige waard fan it besykjen ta deaslach en brânstichting yn in wente oan De Schans yn Dokkum, wurdt no beskuldige fan besykjen ta moard. De man bliuwt 30 dagen langer fêstsitten. Dat meldt it Iepenbier Ministearje.

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

Yn de nacht fan 26 op 27 april waard in frou fan 29 út in hûs helle dat yn 'e brân stie. Sy wie ferwûne. Net troch de brân, mar troch geweld. Dêrfoar is de fertochte fan Ferwert oanholden, in bekende fan de frou. Sy wie tegearre mei har dochter fan 3 jier noch yn de wente. De brânwacht koe de frou en har dochter út it hûs wei rêde.

(advertinsje)
(advertinsje)