Protte reek by brân yn elektroanikasaak Burgum
By in elektroanikasaak yn Burgum is brân útbrutsen. Dêr kaam in protte reek by frij. It is net dúdlik oft der minsken ferwûne rekke binne. Neffens in tsjûge is in meiwurker fan de saak ûndersocht troch minsken fan de ambulânse.
De saak stiet midden yn de winkelstrjitte, Dy wie tydlik ôfsletten foar de helpferliening.
Neffens in tsjûge soe de brân ûntstien wêze yn it plafond fan de winkel.