Hurdfytser rekket ferwûne by oanriding by Feankleaster

14 maaie 2020 - 09:28

Op de Mûntsewei by Feankleaster is tongersdeitemoarn in hurdfytser ferwûne rekke nei't er yn botsing kaam mei in taksybuske.

Foto: De Vries Media

It taksybuske wie achterút in oprit oan it opriden, doe't de fytser op de auto klapte. In ambulânse en de plysje waarden oproppen. De hurdfytser is behannele troch it ambulânsepersoniel en dêrnei oerbrocht nei it sikehûs. Hoe't it mei de fytser giet, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)