Ferkearsbegelieding nedich boppe it Waad, seit âld-boargemaster Albert de Hoop

14 maaie 2020 - 09:19

"Het lijkt nu nog erger te zijn dan in 2009", seit Albert de Hoop oer de resultaten fan de ekstra kontrôles op kontenerskippen yn Nederlânske havens. De âld-boargemaster fan It Amelân hat him jierrenlang ynsetten foar it feiliger ferfieren fan konteners boppe de Waadeilannen. De Hoop is ek earelid fan de Europeeske kustgemeente-organisaasje KIMO International; earder wie hy dêr foarsitter fan.

Fia dy ynstelling lette De Hoop earder al de needklok oer it ferfieren fan konteners, doe't der yn 2008 yn totaal 69 konteners boppe de Waadeilannen yn see foelen. Dat late yn 2009 ek al ta ekstra kontrôles yn Nederlân op it fêstmeitsjen fan 'e konteners oan board. It liet gjin roaskleurich byld sjen. "Na deze controles is er niet veel meer gedaan door de Nederlandse overheden", konstatearret De Hoop, dy't wol romte foar ferbettering sjocht. Dat der tsien jier letter, by ekstra kontrôles yn it foarjier fan 2019, wer in soad mis wie oan board fan 'e kontenerskeper, fernuveret him net.

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach seit 'te skrikken' fan de resultaten fan de nije ynspeksjes. "Na de ramp zijn er veel discussies geweest over de vraag of deze schepen wel goed worden beladen en gecontroleerd. Er is nog steeds niets tot weinig gebeurd om dat te verbeteren. Dat is een slechte zaak."

Groei fan kontenerfeart

De Hoop: "Dat heeft ongetwijfeld te maken te maken met de groei van de containervaart, de automatisering, de robotisering en de bezuinigingen bij de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT)." Ek set hy fraachtekens by de effektiviteit fan 'e reguliere kontrôles: "Als je kijkt naar de hoeveelheid controles en de hoeveelheid containerschepen die per dag in de haven van Rotterdam komen en gaan, dan is het een druppel op een gloeiende plaat."

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Ut it ûndersyk fan Omrop Fryslân en RTV Noord docht bliken dat der noch folle mear tekoarten fûn binne by de ekstra kontrôles as dat se ferwachtsje soene op basis fan de reguliere kontrôles yn hiel Europa.

Slimmer as yn 2009

"Het lijkt nu nog erger dan bij de grote controle in 2009. Het beeld van toen was al weinig rooskleurig. Daar is in al die jaren niet veel meer aan gedaan door de Nederlandse overheden," reagearret De Hoop. Wat him en Ineke van Gent oanbelanget komt der no lang om let aksje. Van Gent seit it sa: "Ik neem aan dat de minister en de Tweede Kamer de teleurstellende resultaten van deze inspecties tot zich nemen. Zij kunnen dan zien dat er veel te weinig acties is geweest. En dat er nu echt iets moet gebeuren."

Foto: Haveriekommando

De opmerkingen oer reder Mediterranean Shipping Company (MSC), dy't net drekst posityf binne, en de tekoarten oan ien skip yn it bysûnder, soargje by De Hoop ek foar twivels. De tekoarten oan it skip waarden fûn yn de ynspeksjerapporten fan de Inspectie Leefomgeving en Transport. "Deze reder zou onder een vergrootglas gelegd moeten worden." De Hoop wiist dêrby nei de ramp mei de MSC Flaminia, dy't yn 2012 boppe de Waadeilannen nei Wilhemshaven ta sleept waard, wylst it skip yn de brân stie.

Of de MSC Napoli, dy't yn 2007 troch in ferkearde behanneling sokke grutte skuorren yn 'e romp krige dat it skip op de Ingelske kust strânje soe. En yn 2017 fleach it grutte kontenerskip MSC Danielle spontaan yn 'e brân foar de kust fan Sri Lanka.

Wat dat oanbelanget is it ekstra nijsgjirrich dat de Inspectie Leefomgeving en Transport by harren ekstra kontrôles, ekstra brângefaar oantroffen hat oan board fan skippen fan dizze reder. It die bliken dat der te folle kuolkonteners op te min stroompunten oanlein wiene. Ek hiene de kabels skea.

De farrûten boppe de Waadeilannen - Foto: Zembla

It is neffens De Hoop in yllúzje om te tinken dat je, ek mei de mankrêft fan hjoed-de-dei, op koarte termyn alle rederijen tsjin it ljocht hâlde kinne en ferbetterings trochfiere kinne. Mar dat wol net sizze dat der ek gjin previntive maatregels mooglik binne dy't kâns op ûngelokken ferlytsje kinne. En dêrby rjochtet hy syn pylken op de lytsere kontenerskippen; de saneamde feeders. Wat der mei it grutte MSC Zoe bard is, mei dan wol it meast yn it each springe, mar de measte konteners gean oerboard by de lytsere skippen.

De rompstabiliteit fan dy skippen wurdt neffens De Hoop oantaast troch de hoemannichheid en hichte fan de konteners dy't se oan board ha. De Hoop: "Die feeders varen hutjemutje door de TE-geul vlak boven de Waddeneilanden en er is daar geen verkeersbegeleiding. Er is al vaker aan minister Cora van Nieuwenhuizen gevraagd om een vorm van verkeersbegeleiding in te voeren; een Vessel Traffic Management of Vessel Traffic Advice. Maar tot nu toe heeft ze nog geen gehoor gegeven aan deze vraag van mij en de Tweede Kamer omdat er een zogenaamde Freedom of Shipping''zou gelden. Maar dat is onzin!"

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)