Soad oanmeldings foar brainstoarmevenemint 'Vonketon'

14 maaie 2020 - 08:44

In groep maatskiplik belutsen inisjatyfnimmers brainstoarmet tongersdei en freed oer de takomst nei de coronakrisis. Yn dizze earste noardlike 'Vonketon' sille ûndernimmers, boargers, wittenskippers, kreativelingen en beliedsminsken mei-inoar neitinke oer hoe't de útdagingen troch corona oanpakt wurde kinne. De Vonketon is kwa oanmeldings no al in grut sukses.

Foto: Vonketon

"Der hawwe har no 184 minsken oanmeld en dêr kinne ek net mear by", fertelt Wini Weidenaar, ien fan de organisatoaren fan de Vonketon. "We binne wol in bytsje ûnder de yndruk. It is allegear ek nij, dus is it hiel spannend, mar we binne der ek hiel bliid mei." Bysûnder oan it oantal oanmeldings is dat 60 persint frou is en hast 20 persint studint. Weidenaar: "Dêr binne wy hiel wiis mei. Dat sjogge je wolris oars. De gemiddelde leeftiid leit op 42 jier. It is hiel moai om te sjen dat it elkenien yn beweging set."

17 doelen

Fan 9.00 oere ôf kin elkenien meisjen mei de livestream. "Dan yntrodusearje we wat we hjoed dwaan sille. Der is noch in flitskolleezje en dêrnei sette se yn groepkes útein yn in online omjouwing."

De teams wurkje oan 17 doelen. Dit binne duorsume ûntwikkelingsdoelen om fan de wrâld in better plak te meitsjen yn 2030. Dêrby falt te tinken oan fraachstikken as: sille we minder reizgje foar ús wurk, omdat online-kontakt in goed alternatyf is? Wenje minsken út de Rânestêd aansten yn it noarden omdat se der efterkomme dat se ek online wurkje kinne of is online lesjaan diels de oplossing foar de lytse skoallen op it plattelân?

Gearwurking

"Hjoed sil elkenien lekker frij tinke en mei it hiel breed bliuwe. Freed wolle we mear stjoere en sille der konkrete ideeën komme dy't útwurke wurde kinne. We binne ek yn petear mei maatskiplike partners, de provinsje en gemeenten yn Fryslân, Grinslân en Drinte en freegje harren om mei te sjen en te sjen wêr't se ús helpe kinne."

De útkomsten fan de Vonketon brainstoarm sille moandei 18 maaie jûns presintearre wurde fia in livestream. "Wat wy fansels hoopje is dat wy dy saken dêrnei ek realisearje kinne. Wy binne gjin politike ynstelling, dus wy kinne langer as fjouwer jier foarútsjen."

Wini Weidenaar oer de Vonketon

(advertinsje)
(advertinsje)