Kollum: "Kapper"

14 maaie 2020 - 08:30

"Dêr siet ik. Of: lei ik, mear. Mei de holle efteroer op de waskbak fan myn kapper. Hy pakte myn holle fêst en ik ferdwûn efkes fan 'e ierde.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Ik hie it noch efkes opsocht, mar 26 jannewaris haw ik foar it lêst west. No komt it wolris faker foar dat ik mear as trije moannen net nei de kapper gean: it jild groeit ek my net op de rêch en ik stel it faak út oant ik wer ris op in poadium moat of sa. Dat wie no net sa, mar it wie tiisdei de twadde dei dat de kappers wer oan it wurk wiene, en ik hie in kertier nei de parsekonferinsje fan Rutte ferline wike woansdei online fuortendaalks boekt. It hier waard no al wat hiel lang.

Wat net in rol spile by it boeken wie dat dêr't ik dêr yn 'e kappersstoel al mei konfrontearre waard. Dat wie nammentlik dat ik al twa moannen net mear oanrekke wie. Dat komt trochdat ik single bin en allinnich wenje. Der waard yn april al it ien en oar skreaun oer 'huidhonger', mar dat wie dochs wat grapkjend.

Sels tocht ik yn earste ynstânsje dat it wat oanstellerij wie, dat huidhonger. It is it fenomeen dat fysyk kontakt mei in oar in wêzentlike behoefte is foar de minske. No wiene wy thús net sa krûperich, mar der is genôch ûndersyk nei dien om stelle te kinnen dat it foar de ûntwikkeling fan bern wichtich is dat se oankrûpt wurde. Foar folwoeksenen is it net folle oars. Saakkundigen sizze dat it ynfloed hat op pine en stress, yn positive sin dus. Ek sosjaal is it betsjuttingsfol, wat fansels net dreech te begripen is. Fansels fielt sels in hug goed, wêrom soene wy it oars dwaan. Ik haw it fyftich kear leaver as in tút op 'e wangen.

En in hug wie no krekt de lêste oanrekking foar my. Ik wit de dei ek noch krekt: 11 maart. Op 12 maart wie de parsekonferinsje wêryn't Rutte sei dat wy inoar gjin hannen mear mochten jaan, dat we thús bliuwe moasten as we ferkâlden wiene, en der gjin gearkomsten mear wêze mochten fan mear as 100 minsken. Ik spile dy twa dagen krekt in foarstelling mei myn podcast. Yn in seal dêr't hûndert minsken yn passe.

Nei de earste foarstelling waard der noch hiel wat ôfkrûpt, hannen jûn en hugd. Mar nei de twadde stiene wy der wat ferlern by, yn 'e foyer. Wy grapken op it poadium noch dat we de lêste foarstelling fan 'e wrâld oan it spyljen wiene. It die bliken ûngefear te kloppen, efterôf. Want dêrnei giene we yn 'e 'intelligente lockdown'. Ik waard ferkâlden, en kaam thús te sitten. Allinnich.

Huidhonger. Hie it mar in oare namme. Dit klinkt behoeftich en sa ûngemaklik fysyk. Wylst it net oer seks giet, alteast, fansels lost seks út de aard fan 'e saak huidhonger op, mar it giet ek gewoan oer oanrekking. Ferbining tusken minsken is mear as prate, mear as Zoom.

De hannen fan myn kapper giene troch myn hier, mei it waarme wetter dat hy der yn spielde. Doe wreau hy der sêft syn pipermuntshampoo yn. Ja, ik wit it, dit begjint op in homo-eroatyske sêne te lykjen. Mar it wie earder wat magysks. Doe't ik dêr siet tocht ik werom oan doe't ik as lyts mantsje ûnder narkoaze moast foar in operaasje oan myn mangels. Moai net dat se my ûnder seil krije, wit ik noch dat ik tocht, en fuort wie ik fansels. Moai net dat de oanrekking fan de kapper, nei 62 dagen sûnder inkeld hûd-op-hûd kontakt, my der ûnder kriget.

Mar it barde al. Ik krige suver de triennen yn 'e eagen. Sa fielde dat, in oanrekking. Ek al wie dit funksjoneel, waskje, en knippe, mar myn kapper wit hiel goed wat er docht. Hy massearre myn holle koart, gewoan efkes, in oanrekking fan in minske en in minske. Efkes fielde ik de stress fan de ôfrûne twa moannen ferdwinen. De stress fan oft it teäter my dy optredens noch betelje kin, fan it gedoch yn de supermerken mei dy rottige winkelweintsjes, fan tafersjoch op oft ik wol oardel meter ôfstân hâld op strjitte, fan de ûnwissens oer de takomst, fan it oeral en ivich hannen waskje. Ik sakke fuort yn de stoel en winske dat it nea ophâlde soe."

(advertinsje)
(advertinsje)