Dei fan de wierheid foar Cambuur en fans: "Het begint te kriebelen"

14 maaie 2020 - 07:47

It is in spannende dei foar Cambuursupporters. Tongersdeitejûn om 19.00 oere docht de rjochter útspraak yn it koart pleit dat SC Cambuur en De Graafschap tsjin it KNVB oanspand hawwe. De twa klups binne it der net mei iens dat se fanwegen de beëiniging fan de kompetysje net promovearje fan de earste difyzje nei de earedifyzje.

"We leven hier al sinds de rechtszaak naartoe en vandaag krijgt dat zijn hoogtepunt. Verwachten en hopen zijn twee dingen, maar ik hoop toch echt dat er gekozen wordt voor een stukje gerechtigheid en dat de balans de goede op valt voor Cambuur en daarmee ook voor De Graafschap", seit Kees Elzinga, foarsitter fan supportersferiening Kern van Cambuur.

Elzinga sjocht noch kâns dat de útspraak fan it koart pleit posityf útfalt foar de twa fuotbalklups: "Ik heb de rechtszaak gevolgd. Het gaat met name om de procedure die de KNVB heeft uitgevoerd en daar is het wel nodig op aan te merken. Ik denk dat de rechter daar zijn uitspraak op zal stoelen."

Foto: ANP

Kees Elzinga, foarsitter fan Kern van Cambuur

"Het begint te kriebelen"

Elzinga merkt dat it bot libbet ûnder de fans. Stipe by elkoar sykje sit der op stuit lykwols net yn, yn ferbân my de oardelmeter ôfstân en it gearkloftferbod. Mar benammen op sosjale media prate se der in soad oer en guon supporters komme sels, tsjin de regels yn, nei it Cambuurstadion ta. "Ook al is alles afgezet met hekken en doeken om de trainingen in alle rust te laten verlopen. Het begint te kriebelen."

Sels hâldt Elzinga hoop dat der dochs noch in algemiene ledegearkomste komt om 18 juny hinne. "Ik hoop dat die stemming over wordt gedaan en dat we toch met 20 clubs in de eredivisie spelen volgend jaar."

Flagge úthingje

Cambuur fiert tongersdei aksje en freget fans om de flagge út te hingjen. "Zeker op de dag dat de rechter zijn oordeel zal vellen, willen we het nodige doen. Maar die beperkingen zijn er en daar moeten we ons aan houden, willen we de zaak netjes houden. Binnen de beperkingen die er nu zijn, doen we dat met vlaggen."

Omrop Fryslân hat tongersdeitejûn om 19.00 oere in ekstra útstjoering op radio en telefyzje mei dêryn live de útspraak fan it koart pleit en de earste reaksjes fan belutsenen.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie by ferskate fans

Min sliepe

Twa supporters dy't de flagge hise, binne Thijs Hoekstra en Bennie Posthumus. Sy komme beiden al jierren by Cambuur. "Het besluit van de KNVB viel me zwaar en toen sliep ik heel slecht", seit Hoekstra. Hy folget de saak op de foet en hopet op het bêste, mar is sels ek realistysk. "De rechter heeft eigenlijk niet zoveel te zeggen over een eventuele promotie. Die beslist gewoon of de gang van zaken van de KNVB netjes was."

Thijs Hoekstra, supporter Cambuur - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
(advertinsje)
(advertinsje)