Kontenerskippen jouwe noch hieltyd neat om feiligensregels

14 maaie 2020 - 06:59

Rederijen oertrêdzje noch hieltyd massaal de regels op it mêd fan feiligens foar grutte kontenerskippen. Dat docht bliken út in grutte ynspeksje yn de haven fan Rotterdam troch Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT).

Foto: Haveriekommando

By 42 fan de 69 kontrolearre skippen wiene saken net op oarder. Hjirby giet it ûnder oare om kapotte en ûntbrekkende twistlocks, wêrmei't de konteners mei inoar ferbûn binne. Ek binne de gewichten yn it tal gefallen net goed ferdield. Dat kin liede ta ekstra gefaar by swier waar of ûnferwachte omstannichheden.

Ien en oar docht bliken út de ynspeksjerapporten. Dy binne troch Omrop Fryslân en RTV Noord opfrege mei help fan de Wet Openbaarheid van Bestuur (Wob).

De kontrôles waarden al yn april ferline jier hâlden, mar de resultaten wiene noch hieltyd net nei bûten brocht.

Net de earste kear

Oanlieding foar de grutte kontrôle wie de ramp mei de MSC Zoe. It grutte kontenerskip ferlear begjin ferline jier 342 konteners yn de Noardsee. Dat late ta gaootyske tafrielen op de Waadeilannen en de kustgebieten fan Fryslân en Grinslân. Ek is sprake fan in soad miljeuskea.

Ut earder ûndersyk fan de omroppen flak nei de ramp die al bliken dat rederijen net sa krekt binne yn it folgjen fan de ynternasjonale regels op it mêd fan feiligens.

De Twadde Keamer wurdt op koarte termyn ynformearre oer de resultaten fan de grutte kontrôle.

Trefwurden: 
MSC Zoe kontenerramp
(advertinsje)
(advertinsje)