Rederijen ha net in soad leard fan kontenerramp mei MSC Zoe

14 maaie 2020 - 06:55

Der is noch altyd in soad mis mei de belading fan grutte kontenerskippen. De mearderheid hâldt him net oan de ynternasjonale feilichheidsregels. De ramp mei de MSC Zoe op de Noardsee boppe de Waadeilannen hat dêr begjin ferline jier gjin feroaring yn brocht.

Foto: Kustwacht

Sa komme mar twa fan de fiif kontenerskippen sûnder op- of oanmerkingen troch de kontrôles yn de haven fan Rotterdam. Dat docht bliken út ynspeksjeferslaggen dy't yn hannen binne fan Omrop Fryslân en RTV Noord.

Nei de ramp mei de MSC Zoe fan ferline jier en alle ûnrêst dêroer hat de Inspectie Leefomgeving en Transport ekstra kontrôles útfierd op kontenerskippen. Blykber wie de ramp op himsels gjin oanlieding foar de rederijen om de lading better fêst te setten. Mar 27 fan de 69 skippen dy't kontrolearre waarden, koene ferline jier sûnder problemen wer ôfsette út de haven fan Rotterdam. By 42 skippen waarden ien of meardere - 'deficiencies' yn de Ingelske ferslaggen - oantroffen. Yn totaal waarden 87 gebrekken wiernommen.

Konteners dy't net goed fêst stean, skansearre materiaal lykas metalen ynstruminten dêr't de konteners op de hoeken mei-inoar ferbûn wurde (twistlocks), of gewicht dat net goed ferdield is oer de konteners. Wat der mis is, moast yn guon gefallen op it plak sels wer makke wurde, of op myn minst foar't it skip ôfsette út de haven.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Ekstra kontrôles

Yn de maitiid fan 2019 fierde de Inspectie Leefomgeving en Transport de ekstra kontrôles út op kontenerskippen yn de haven fan Rotterdam. De 69 saneamde 'tema-ynspeksjes' binne ynsteld nei oanlieding fan de ramp mei de MSC Zoe yn jannewaris 2019. Fan dat kontenerskip foelen yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris benoarden It Amelân en Boarkum 342 konteners yn see, mei in miljeuramp yn it Waadgebiet fangefolgen. Nei de ramp kaam de fraach op: Hoe giet it eins nei it tafersjoch op de seereuzen. Stean de konteners goed fêst? Is it materiaal dat dêrfoar brûkt wurdt wol fan goede kwaliteit? Wurdt der wol goed tafersjoen op it laden fan de kontenerskippen?

Omrop Fryslân gong earder alris mei op kontenerkontrôle yn de Rotterdamske haven:

'Nee', seine de saakkundigen mei wa't de omroppen yn dy tiid praten. 'Nee', docht no ek út de ekstra kontrôles bliken. Fuortendaliks nei de ramp wurken Omrop Fryslân en RTV Noord mei-inoar oan in mienskiplik grut ûndersyk nei de befeiliging op kontenerskippen. De útkomsten fan de tema-ynspeksjes ûnderskriuwe de eardere konklúzjes fan de omroppen.

De minsken 'yn it fjild' seine doe ek al dat faak net mei deugdlik materiaal wurke wurdt. En yndie waarden op ferskate skippen stikkene twistlocks oantroffen. De twistlocks ferbine de konteners mei-inoar sadat se stabyl stean kinne. Guon skippen hiene boppedat te min twistlocks oan board en der is gjin check ynboud yn it laadsysteem. Sadwaande wurdt der ek gjin sinjaal jûn as der net genôch materiaal oanwêzich is om te konteners goed fêst te setten.

Op in pear skippen wurdt mei trochsneed-swierte wurke, sa docht bliken út ynspeksjes fan in pear jier ferlyn. Om in skip feilich te laden is it tige wichtich de swierdere konteners ûnderoan de steapel te setten. As net krekt bekend is hoe swier oft de konteners binne, rekkenet de bemanning mei in trochsneed-gewicht en kin der dus net mei wissichheid sein wurde oft de konteners goed steapele binne. In swiere kontener boppe-op in steapel lichtere konteners kin by in lytse skok fan it skip op de farrûte in hiele steapel omlûke.

MSC

De omroppen hawwe de 69 ynspeksjeferslaggen (sûnder nammen derop, dus anonym) krige troch in berop op de Wet openbaarheid van bestuur (Wob). Twa ferslaggen falle ekstra op. Yn de ynspeksjeferslaggen binne suver alle nammen fan de konserns ûnsichtber makke; it saneamde lakken. Nettsjinsteande it flitige lakwurk fan de Inspectie Leefomgeving en Transport is dochs de namme fan de Mediterranean Shipping Company te sjen. MSC dus, de reder fan de MSC Zoe.

It kommentaar fan de ynspekteurs yn de ferslaggen liicht der net om. Se hawwe in hiel soad krityk. Sa nimt it iene skip ekstra reefers mei. Dy kuolkonteners wurde neffens de stjoerman fan it skip standert meinaam troch de reder. As tefolle fan dy kuolkonteners op te min elektisiteitsboarnen oansluten wurde, kin der brân ûntstean. Op it skip binne guon stroomtriedden ek stikken. Omdat it moast fan de Ynspeksje binne se ferfongen op it plak sels, sa ek skansearre twistlocks. Yn de gongpaden tûmele skansearre sjormateriaal om en de stekjes wiene der hiel min oan ta.

Op in oar skip, de MSC Nitya B, fertelle sjorder tsjin de ynspekteurs dat de wurkdruk heech is en dat der te min personiel is. It goed laden fan it skip stiet dus ûnder druk; krekt sa't de saakkundigen al earder tsjin de omroppen seine. Op dit skip wurde sekeringen ek faak al losmakke wylst it skip noch fart om tiid te besparjen. Dat is net tastien.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Nije ramp foarkomme

Ut in spesjaal ûndersyk fan de ynspeksje Ferkear en Wettersteat sa't dy yn 2009 bestie, die bliken dat de helte fan de kontrolearre skippen yn de haven fan Rotterdam him net hâldt oan de regels fan it saneamde lashing; it fêstsetten fan de konteners.

De Twadde Keamer makke him soargen oer dy resultaten en Twadde Keamerleden fregen om ekstra kontrôles. Dêr komt nei 2009 net folle fan op de telâne. Sûnt dy tiid hawwe der al geregeld kontrôles west. Dy reguliere kontrôles smite net folle op, mei as gefolch dat skippen dêr't wat mis mei is, gewoan wer de haven útfarre kinne.

De ôfrûne fiif jier fierde ILT yn trochsneed 93 kear yn it jier kontrôles út op kontenerskippen. By dy 465 kontrôles waarden mei-inoar mar acht deficiencies oantroffen dy't te krijen hiene mei it laden fan de konteners, it gewicht fan de konteners en it materiaal dat brûkt wurdt foar it fêstsetten fan de lading. In skoare dêr't it fermoeden út nei foaren komt dat de ekstra kontrôles bot needsaaklik wiene; dêrby waarden op 't lêst folle mear flaters opspoard. Helje de reguliere kontrôles dan wol genôch út? Yn ferliking mei de tema-ynspeksjes lykje se sabeare-wissichheid te jaan.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De havens dêr't dizze skippen weikomme hawwe de flaters ek net opmurken. Yn de mande mei oare ynternajonale havens docht ILT kontrôlestekproeven op kontenerskippen dy't de havens oandogge. Yn Europeeske havens waarden tusken 2015 en 2018 mei-inoar 7249 kontenerskippen kontrolearre. Dêrby kamen 'mar' 99 gebrekken oan it ljocht.

Pynlik detail is dat in tsiental fan de skippen dy't de saken net op oarder hiene, op it momint fan de tema-ynspeksje yn april en maaie ferline jier, ûnderweis wie nei havens yn it noarden fan Europa: Hamburg, Sint-Petersburg en Bremerhaven. En dus ûnderweis nei de fargeulen boppe de Waadeilannen, dêr't de Zoe ferline jier de lading ferlear.

De Twadde Keamer behannelet ynkoarten de resultaten fan de tema-ynspeksjes. It rapport dêroer lit lang om him wachtsje; snein is it presys in jier lyn dat de lêste ekstra ynspeksje wie.

Datasjoernalist Eva Meesterberends oer it ûndersyk

Trefwurden: 
MSC Zoe kontenerramp
(advertinsje)
(advertinsje)