Troch corona naam it tal helpsykjende ferslaafden ôf, mar it lûkt wer by

14 maaie 2020 - 06:44

It tal ferslaafden oan bygelyks drugs of alkohol dat help siket om ôf te kicken is troch de coronaproblemen ôfnaam, dat merke sûnenspsychologen. Ek yn Fryslân wie dat it gefal, mar neffens Eveline Molenaar van Verslavingszorg Noord-Nederland (VNN) lûkt dat sûnt twa wiken wer by. "Gelukkig maar", seit sy, "want we willen in de eerste plaats benadrukken dat het veilig is bij ons."

Foto: VNN

Gewoanwei wurdt VVN yn Fryslân tsientallen kearen de wike belle troch minsken dy't help sykje. Troch de coronakrisis wie dat dus wol minder. Om útein te setten mei in behanneltrajekt is in ferwizing nedich fan de húsdokter. En fanwege it coronafirus doarden minder minsken nei de húsdokter te gean. Dêr komt by ferslaving nochris boppe-op dat minsken harren sawiesa faak al skamje foar harren problemen.

It kin twa kanten op

It coronafirus hat tige útinoar rinnende effekten op de kliïnten sels, jout Molenaar oan. "Aan de ene kant zie je dat een groep mensen die in hun behandeling zitten aangeven minder prikkels te hebben. Zij komen bijvoorbeeld minder in de verleiding om drank te kopen omdat winkels en cafés gesloten zijn." Mar der binne ek minsken dy't just te krijen hawwe mei in tebekfal. "Dan gaat het met name om mensen die meer drinken en roken."

Byldbelje

Molenaar jout oan dat der sûnt corona in soad 'byldbelle' wurdt. Minsken dy't help sykje, komme dus digitaal mei de helpferlieners yn kontakt foar in advyspetear. Mar no't in soad coronamaatregels ferromme wurde, sil VNN stadichoan ek wer fysyk intake-petearen hâlde.

By de lokaasjes dêr't minsken opnommen wurde kinne, binne de nedige maatregels tsjin it firus troffen. Dan giet it bygelyks om it skrassen fan groepsbehannelingen, it hâlden fan ôfstân, it net mear kuierje yn groepkes, spatskerms, minder stuollen en spesjale rinrûten. De grutste lokaasjes fan VNN binne yn Ljouwert en op It Hearrenfean, Snits hat in lytsere lokaasje en fierder binne der noch ferskate oare lokaasjes foar sprekoeren.

Digitaal en fysyk kontakt ôfwikselje

Fierder besiket VNN ôf te wikseljen mei it digitaal en fysyk moetsjen fan de kliïnten. "Het gaat zoveel mogelijk om het spreiden, dus het combineren van beeldbellen en in het echt afspreken," seit Molenaar. Sy is bliid dat it better liket te gean yn de striid tsjin it firus en jout oan dat it de kommende perioaden dus ek by VNN stadichoan wer wat normaler wurdt.

Minsken dy't fragen ha wat ferslaving yn coronatiid oanbelanget, kinne telâne op de spesjaal dêrfoar ynrjochte webside fan VNN.

(advertinsje)
(advertinsje)