Liveblog | 14 maaie 2020

Coronanijs 14 maaie: Gjin promoasje foar SC Cambuur; tal besmettingen gelyk bleaun

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs om it coronafirus hinne.
Lêst bywurke: 2 novimber 2020, 16:29
23:00

Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan tongersdei 14 maaie. Dit wie it wichtichste coronanijs:
Elkenien tank foar it folgjen! Freedtemoarn binne we der wer mei in nij liveblog.
22:07

Flaters by útskriuwen coronaboeten

In part fan de boeten dy't útskreaun binne foar te min ôfstân hâlden, sil fanwegen flaters nea by oertrêders troch de bus komme. Dat seit fakbûn BOA-ACP, sa meldt de NOS. Oant no ta binne der sa'n 10.000 bekeuringen útdield troch de plysje en hanthaveners, om't minsken te min ôfstân holden. "Hoe is een agent of boa tot de conclusie gekomen dat een iemand geen anderhalve meter uit elkaar staat? Dat moet beschreven worden in een proces-verbaal", seit fakbûnsfoarsitter Richard Gerrits. Al hielendal doe't de coronamaatregels krekt úteinsetten, is dat neffens him lang net altyd bard.
Boa's en plysjeminsken ha dêrneist ek net altyd in needferoardening oan harren proses-ferbaal taheakke, wat wol ferplichte is. "Een aantal boetes zal dus niet geïnd kunnen worden", seit Gerrits. It Iepenbier Ministearje kontrolearret alle ynstjoerde prosessen-ferbaal en erkent dat in diel fan de boeten ôfkard is. Om hoefolle boeten it giet, is noch net dúdlik. It IM seit dat noch út te sykjen.
21:58

Sjoernalist Christiaan Triebert jout webinar

De ûndersykssjoernalist Christiaan Triebert fan Ljouwert hat tongersdei in iepenbier kolleezje jûn foar mear as 500 studinten en alumny fan de Ryksuniversiteit yn Grins. Triebert is sels keazen ta alumnus fan it jier en hy krige koartlyn in Pulitzer Prize foar syn ûndersykswurk foar de New York Times. Triebert belle fan New York út foar it iepen webinar, wêrmei't ek stipe jûn waard foar in crowdfundingsaksje tsjin it coronafirus.
20:57

Neitinke oer in takomst nei corona

Hoe moat it fierder mei de wrâld, as wy it coronafirus der ûnder krigen hawwe? Dat is de ynstek fan de Vonketon. It giet om in online konferinsje dy't tongersdeitemoarn begûn is en dêr't sa'n 180 minsken oan meidogge, benammen út de trije noardlike provinsjes.
De dielnimmers prate oer de takomst oan de hân fan de 17 sosjale ûntwikkelingsdoelen dy't foar it jier 2030 opsteld binne troch de Feriene Naasjes. Dan giet it bygelyks om saken as rjocht op iten foar eltsenien, ûnderwiis foar eltsenien en de ûntwikkeling fan duorsume enerzje.
Soad oanmeldings foar brainstoarmevenemint Vonketon
19:35

Gjin promoasje foar Cambuur

De rjochter yn Utrecht hat de KNVB tongersdeitejûn gelyk jûn yn it koart pleit dat Sportklup Cambuur en De Graafschap tsjin harren oanspand hiene. Dit betsjut dat beide fuotbalklups definityf net promovearje nei de earedifyzje. Neffens de rjochter hat de KNVB de proseduere goed folge, doe't de kompetysje beëinige wurde moast fanwege de coronakrisis.
"De KNVB heeft met de rug tegen de muur een besluit moeten nemen", stelde de rjochter. "Ze moeten rekening houden met alle clubs. Er zijn altijd clubs die pech hebben. Het is heel zuur voor Cambuur en De Graafschap, maar dat is onvoldoende om het besluit terug te draaien."
De teloarstelling is grut by de fans fan Cambuur. Se wiene mei in lyts groepke yn supportershome 't Hertsje om de útspraak yn it koart pleit te sjen, en dy kaam hurd oan. Foarsitter fan de Kern van Cambuur Kees Elzinga wie ferbjustere nei de útspraak: "De rechter heeft geoordeeld, persoonlijk voelt het onrechtvaardig. Ik had dit niet zien aankomen, en zeker niet met die snelheid. In tien minuten tijd werd alles van tafel geveegd."
19:01

Fideodeiboek op De Reinbôge

Underwiisassistint Jelmer Tamminga lit yn syn vlog hoe't de earste skoaldei by him op skoalle gong. Foaral juf Netty Gorter hat in bysûndere wize fûn om de bern in hân te jaan. Mear vlogs fan Jelmer Tamminga en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.
Jelmer Tamminga