Sike asylsikers fan Snitser azc woansdeitejûn oerpleatst nei Zoutkamp

13 maaie 2020 - 22:01

De asylsikers fan it azc yn Snits dy't besmet binne mei it coronafirus binne woansdeitejûn oerpleatst nei in karantênelokaasje yn Zoutkamp. Hjir sille sy de kommende perioade útsiikje.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It giet yn totaal om 60 minsken, sawol sike minsken as harren famylje en húsgenoaten. De asylsikers binne yn fjouwer bussen en in taksy fan Snits nei Zoutkamp riden. De húshâlding dêr't as earste in besmetting fêststeld is, mocht yn Snits bliuwe om't harren isolaasjeperioade der hast op sit.

De frijheidsbeheining dy't by de operaasje heart, is net maklik foar de minsken, sa skriuwt it COA yn in parseferklearring. Mar de minsken binne ferromme dat se lang om let witte wêr't se oan ta binne.

Zoutkamp

Yn Zoutkamp is it mooglik om de minsken dy't oant no ta net besmet binne, yn in aparte romte te setten as de minsken dy't wol posityf test binne. Dat koe yn Snits net.

De Willem Lodewijk van Nassaukazerne dêr't de asylsikers opfongen wurde, is de ôfrûne dei geskikt makke foar de opfang fan de bewenners fan it azc yn Snits.

It COA kin oant 25 maaie de kazerne brûke foar de opfang. Hjirnei wurdt it gebou wer weromjûn oan definsje. De minsken dy't op dat stuit frij fan klachten binne, meie dan werom nei Snits, foar de oaren wurdt dan in oar plak socht, mooglik komme sy dan ek wer werom yn Snits.

Jacqueline Engbers fan it COA

(advertinsje)
(advertinsje)