KNKB nimt beslút: hiele simmer lang gjin offisjele keatswedstriden

13 maaie 2020 - 20:45

Foar 1 septimber sille der yn KNKB-ferbân gjin wedstriden mear keatst wurde. Dat hat it keatsbûn woansdei bekend makke.

It keatsbûn KNKB (Koninklijke Nederlandse Kaatsbond) - Foto: KNKB | Wikimedia Commons

De earder fêststelde datum fan 20 juny is dêrmei fan de baan. It KNKB is fan miening dat der gjin sprake wêze kin fan prestaasjesport binnen de oardelmeterkontekst. Keatsferienings meie mei de nije maatregels dy't no jilde wol sels alternative keatsaktiviteiten op tou sette.

It KNKB hat de leden witte litten dat der romte is foar keatstrainings en kompetysjekeatsen. De opsje om dy aktiviteiten út te wreidzjen nei ledepartijen wurdt yn gearwurking mei de sportkoepel NOC*NSF ûndersocht.

Koart septimberseizoen

Oft it keatsseizoen nei 1 septimber ferlinge wurdt, is ôfhinklik fan de ûntjouwing fan it coronafirus en de besluten fan de oerheid. It KNKB ûndersiket op dit stuit de mooglikheid ta keatsen yn septimber.

Foto: Henk Bootsma

It doel is om in alternative ferkoarte wedstriidaginda foar dy moanne op te stellen. Yn dy moanne steane de regulier plande partijen fan Penjum, Marsum en Ljouwert (De Aldehou Partij) noch gewoan op de aginda.

Foarsitter Karel Nijman fan LKC Sonnenborgh: "Wij staan open voor alles. Ook voor kaatsen zonder publiek. Maar we lopen niet te hard van stapel. We worden steeds ingehaald door de acutaliteit."

Ferskate opsjes

Dronryp en Bitgum hawwe oanjûn dat sy ek belangstelling hawwe foar in haadklassepartij yn septimber. OKK Bitgum fiert it 125- jierrich bestean en der sil keatst wurde om hynders. OKK hat yn in earder stadium oanjûn allinnich keatse te wollen as der publyk talitten wurde kin.

Ek Kimswert hat in opsje naam op keatsen yn septimber. Fierder binne der fan oare ferienings noch gjin konkrete oanmeldings kommen om in haadklassepartij yn septimber te organisearjen, sa seit KNKB-direkteur Marco Hoekstra.

Winsum tsjin Baard - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Freulepartij mooglik op 19 septimber

De organisaasje fan de Freulepartij hat oanjûn der wol foar te fielen de belangrykste keatspartij foar jonges fan 14 oant en mei 16 sûnder publyk te keatsen. De organisaasje leit dêrmei de klam op de keatser, dy't mar in pear jier de kâns hat om de Freulepartij de keatsen.

De Freulepartij hat by it KNKB oanjûn de partij keatse te wollen op sneon 19 septimber. Foarsitter Tjeerd Dijkstra: "Wy hawwe dy datum as konkrete datum neamd by it KNKB. Hy stiet no op de list by it keatsbûn. Wy hawwe keazen foar in sneon, omdat wy net mear yn de fakânsjetiid sitte. Boppedat soenen wy it moai fine as der foarôfgeand oan de Freulepartij in tal oare partijen keatst wurde kin troch de jonges. Boppedat hawwe wy sjoen nei de partijen dy't al op de aginda stean en sa binne wy ta sneon 19 septimber kaam. Dy datum bleau oer."

Ek de organisaasje fan de Ald Meiers partij yn Hitsum wol yn septimber de partij by need sûnder publyk organisearje. De Ald Meiers partij kin min of te mear beskôge wurde as de Freule Partij foar famkes.

Foto: Omrop Fryslân

PC en Frouljus PC: dreech ferhaal

De datum foar de PC is ûndertusken fêststeld op woansdei 30 septimber. De organisaasje hat oanjûn dat sûnder publyk keatse gjin opsje is. Sjoen de no jildende regels soe dat betsjutte dat de PC net keatst wurde sil. PC foarsitter Ids Hellinga: "Dy kâns is reëel. Mar dat wie 21 april ek al sa. Minister De Jonge hat krektlyn noch sein dat der gjin beslút naam is oer nei 1 septimber. It is inkeld in spoarboekje. It komt der no op oan hoe't de fersoepeling útpakt. It tal nije besmettingen, IC opnamen ensfh. Foar ús is 30 septimber allinnich mar in datum. En salang't it ferbod net útsprutsen is, bliuwt dat sa. 'We'll cross that bridge when we get there."

Wigle Anema fan de keatsferiening yn Weidum wol graach in Frouljus PC organisearje. "Wy stean der posityf yn. Wy wolle de Frouljus PC graach organisearje, mei alles der op en der oan. Dus ek mei publyk, mar dat sil wol dreech wurde. En dan is it de fraach oft it noch wol sin hat. Mar as de froulju it wolle, dan dogge wy it, mar dan sil it mear wei hawwe fan in gewoane keatspartij. Mar goed, oan ús sil it net lizze." Weidum hat oant no ta noch gjin datum foar de Frouljus PC yn septimber oanfrege. Anema: "Dat litte wy oer oan it KNKB".

Tûkelteammen

Bûnsdirekteur Hoekstra lit witte dat it idee om septimber goed te benutten foar it keatsen by de manlju mear draachflak hat as by de froulju. Hoekstra: "Dat hat by de froulju ferskate praktyske redenen. Bygelyks oare sporten (fuotbal, follybal) en stúdzje."

Marco Hoekstra, direkteur fan it KNKB

(advertinsje)
(advertinsje)