D66: 'Wêrom giet miljeustrjitte Ljouwert net wat langer iepen?'

De gemeente Ljouwert moat besjen oft de iepeningstiden fan de miljeustrjitte ek ferromme wurde kinne. Dat fynt de fraksje fan D66 yn de gemeenteried. De partij hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan B&W.
Ferkearsregelders by de miljeustrjitte yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Sûnt it útbrekken fan it coronafirus is it folle drokker by de miljeustrjitte. Troch de maatregels om ôfstân te hâlden, duorret it ek nochris folle langer as oars foardat auto's it terrein opride kinne.
Neffens D66 wie de wachttiid woansdeitemoarn koart nei de iepening al wer langer as in oere. De fraksje freget him no ôf wat de gemeente oant no ta dien hat om de wachttiden foar te kommen.
In tal Fryske miljeustrjitten hat de iepeningstiden al ferromme. D66 wol witte wêrom't dat yn Ljouwert net dien is. Ek wol D66 witte oft de wachtsjende minsken ek trochferwiisd wurde nei Grou en Stiens, dêr't it faak wat minder drok is.
© Kappers Media