Keunstners yn Ljouwert sette wurk foar it rút 'foar keunstrûte op ôfstân'

13 maaie 2020 - 16:15

Op in lytse tritich plakken yn Ljouwert sette keunsters har wurk foar it rút del. Dêr begjinne se op Pinkstermoandei 1 juny mei. De rûte hyt 'Looking for a star'. Sa kinne keunstleafhawwers dochs har gerak krije yn dizze coronatiid en sa op ôfstân fan keunst genietsje.

Wurk fan dielnimmende keunstner Gea Koevoets - Foto: Gea Koevoets

It idee komt fan keunstner Paul Andringa.

De lokaasjes steane op in plattegrûn en binne te werkennen oan in stjer op in tegel. Dielnimmers kinne in berjocht achterlitte foar de keunstners troch in reaksje by de oanbelangjende persoan yn de brievebus te smiten.

Dizze wurken bliuwe in moanne stean. Yn july en augustus komme der oare keunstwurken te stean fan de keunstners. Op 1 juny fytst Cuun by de rûte del op har poetrybike. Passanten meie in gedicht út har fytstas pakke.

Under de dielnimmende keunstners sitte ûnder oare Carla van der Heijde, Dirk Beintema, Catrinus Spinder en Ton Groothaar.

Der komt ek in app mei de rûte en in flyer mei de rûte. De flyer is fan 30 maaie te krijen by De Pluymgraaff (Nieuwe Oosterstraat 5), Bloemist Johan Hemrica (Nieuwestad 51), Chocolaterie Leonidas (Kleine Kerkstraat 2) en Slagerij Atlas (Zuidvliet 71) en it VVV kantoar.

(advertinsje)
(advertinsje)