Utspraak koart pleit Cambuur tongersdeitejûn

13 maaie 2020 - 15:39

Sportklup Cambuur en De Graafschap krije tongersdeitejûn om sân oere hinne dúdlikheid oer oft harren striid tsjin it beslút fan de KNVB om dit seizoen gjin klups promovearje te litten sukses opsmiten hat. De rjochter docht dan de útspraak yn it koart pleit dat beide klups oanspand hawwe tsjin de KNVB.

Foto: SC Cambuur

De útspraak wurdt dien fia in livestream. De ferwachting is dat de direkteuren fan Cambuur en De Graafschap de útspraak yn Utrecht bywenje sille. In lyts groepke sjoernalisten mei de útspraak live yn in fideoromte yn Utrecht bywenje. Alle oaren moatte bûten wachtsje.

Cambuur, De Graafschap en de KNVB kinne nei de útspraak noch yn heger berop gean. De beide dupearre klups kinne dêrnjonken ek noch besykje har gelyk te heljen yn in bûtengewoane ledegearkomste fan de KNVB. Dêryn kinne de oare profklups dan harren miening jaan oer de promoasje en degradaasje fan de klups.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal koartpleit
(advertinsje)
(advertinsje)