Sân moanne sel foar dief út Ljouwert

13 maaie 2020 - 14:46

In 50-jierrige man út Ljouwert moat sân moanne de sel yn, omdat hy fjouwer kear stellen hat út winkels yn Ljouwert. Ek hat hy ynbrutsen yn in bar yn Grins. De Ljouwerter hat in lang strafblêd.

Foto: Omrop Fryslan

By de rjochter ûntkende de man dat hy wat ferkeard dien hie, mar op kamerabylden wie te sjen dat de man yn de winkel spul syn bûsen die en dan fuortgong sûnder te beteljen.

De stellerij út in bar yn Grins hat hy wol tajûn. Dêr wiene ek noch oare manlju by belutsen, mar de Ljouwerter wol net sizze wa't dat wiene. Se namen jild en in flesse Beerenburg mei en feroarsaken foar 2.000 euro oan skea.

Trefwurden: 
stellerij rjochtbank dief
(advertinsje)
(advertinsje)