Feitsma oer syn fuortgean: "Jammer dat ik de kar krekt no meitsje moat"

De 42-jierrige Sjoerd Feitsma hâldt op as wethâlder finansjes foar de PvdA yn Ljouwert. Hy hat in nije baan, as direkteur by it platfoarm Arbeidsmarkt Culturele en Creatieve Toekomst, it platfoarm ACCT.
Wethâlder Sjoerd Feitsma hâldt op yn Ljouwert 2
Feitsma wie wethâlder yn Ljouwert sûnt 2014. Sûnt 2006 wie hy al aktyf as riedslid en fraksjefoarsitter fan de PvdA.

Dreech beslút

"Ik fyn it jammer dat ik dizze kar no meitsje moat, mar it momint is eins noait goed", sa seit Feitsma sels. Hy fynt it dreech om op in momint fuort te gean. In momint wêrop't in soad finansjele ûnrêst is oer de gefolgen fan de coronakrisis, mar hy woe de kâns om direkteur fan it platfoarm ACCT net sjitte litte. "De stap dy't ik no meitsje, is in stap dy't just oer dit soart saken giet. Ek oer de Fryske kultuer." Feitsma hopet him yn de kommende moannen noch hurd te meitsjen foar de Ljouwerter kultuer.

Tredde kear

Feitsma is de tredde wethâlder dy't sûnt de gemeenteriedsferkiezingen yn 2017 fuortgiet. De oaren wiene Henk Deinum en Herwil van Gelder.
Wethâlder Sjoerd Feitsma hâldt op yn Ljouwert

Lokwinsken fan Buma

Boargemaster Sybrand Buma lokwinsket Sjoerd Feitsma mei syn nije funksje en betanket him foar syn grutte ynset foar de gemeente: "Wethouder Feitsma heeft, eerst als raadslid en daarna als wethouder, heel veel betekend voor Leeuwarden. Hij was een van de pijlers onder het succes van LF2018 en heeft hard gewerkt om onze gemeente in moeilijke tijden financieel gezond te houden. Zijn werk voor de cultuur en voor sociale rechtvaardigheid in Leeuwarden komen hem van pas in zijn nieuwe baan. Ik wens hem daarmee veel geluk."
© Omrop Fryslân, René Koster
Harkje nei in petear mei Andries Ekhart
Fraksjefoarsitter fan de PvdA, Andries Ekhart fynt it skande dat Feitsma fuortgiet: "Persoonlijk, en ook voor de partij, vind ik het ontzettend jammer. Maar ik snap zijn keuze wel." Neffens Ekhart hat Feitsma yn it foar al oanjûn dat dit syn lêste perioade as wethâlder wêze soe. It is dan ek logysk dat Feitsma om him hinne sjen soe foar oar wurk.

Opfolger

It is noch net dúdlik wa't Feitsma opfolgje sil. "We hebben morgenavond een extra fractievergadering, en dan kunnen mensen ook weer gewoon solliciteren." Ekhart sels is yn allegefallen net in kandidaat, sa seit er sels. "Dan had ik tien jaar jonger moeten zijn, het is nu tijd voor verjonging."