Ljouwerter akteur Ronald Kalter spilet yn ynternasjonale film 'De Slag om de Schelde'

13 maaie 2020 - 14:38

'De Slag om de Schelde' wurdt de ien nei djoerste Nederlânske film oait. Mei in budzjet fan 14 miljoen euro wie allinnich de film 'Zwartboek' djoerder om te meitsjen. De film fertelt it ferhaal fan de slach út 1944 dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn Seelân striden waard en dy't feitlik om Antwerpen gie. It is in wat fergetten slach, mar dêr moat dizze film in ein oan meitsje. Ien fan de rollen wurdt spile troch in Ljouwerter akteur: Ronald Kalter.

Foto: x

"Het was in het begin enorm wennen en spannend ook. Ik had niet gedacht dat er zoveel mensen op de set zouden staan, maar het was een geweldige ervaring, fantastisch om te doen", fertelt Ronald Kalter oer syn earste grutte rol. De Ljouwerter folget de Amsterdamse Toneelschool & Kleinkunstacademie.

Hy spilet it broerke fan Teuntje. "Dat is best een belangrijke rol voor het verhaal. De broer is eigenwijs en gaat zelf het heft in handen nemen. Het verhaal wordt vanuit verschillende personages verteld en je ziet de keuze die jongeren moeten maken en de consequenties daarvan."

Hy waard útnûge om audysje te dwaan en dat pakte dus goed út. In part fan de film is by Burgum opnommen en de Slag sels is yn Litouwen filme. "Daar was ik zelf niet bij. Ik zat zelf veel in Vlissingen en België, dus lekker dichtbij."

De opnamen fan de film binne al klear en dat is mar goed ek. "We hadden net ons eindfeestje gehad en het weekend daarop begon de quarantaine. Dus we hebben enorm veel geluk gehad."

Foarearst stiet de premjêre fan de film pland op 26 novimber. It is ôfwachtsjen oft dat ek trochgean kin tsjin dy tiid. Nei in skoft komt de film ek op Netflix. En as Hollywood dan lokket? "Ik ga eerst mijn school afmaken."

Ronald Kalter

De film wurdt makke op inisjatyf fan Het Nationaal Fonds voor Vrede, Vrijheid en Veteranenzorg (vfonds) yn it ramt fan 75 jier frijheid.

Matthijs van Heijningen jr. regissearret de film dy't in ynternasjonale cast hat. Gijs Blom, Susan Radder en Jamie Flatters spylje de haadrollen.

(advertinsje)
(advertinsje)