"Fiif jier lyn wiene der folle mear kontakten tusken Fryslân en Noard-Dútslân"

"Ik wit noch wol dat yn it ferline, en dan prate wy oer fiif jier lyn, folle mear kontakten wiene." Dat seit Albert Hendriks, direkteur fan it bedriuw Fryslân Holland Travel Service oer de regionale gearwurking tusken Fryslân en Noard-Dútslân.
It Provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Steatssekretaris Raymond Knops fan Ynlânske Saken bringt woansdei in besite oan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Hy fiert dêr petearen oer dy regionale gearwurking. Foar Hendriks is dy relaasje tusken Fryslân en Noard-Dútslân wichtich. Syn bedriuw besiket Dútske toeristen nei Fryslân te helpen, benammen minsken út it noarden fan Dútslân.
Dat der jierren lyn mear kontakten wiene, hat mei Europeeske subsydzjes te krijen, seit Hendriks. "Dy binne de lêste tiid wat ferwettere. Dus ik fernim der net folle mear fan. Dat komt ek troch de online-marketing. Fiif jier lyn wiene wy ek hieltyd op beurzen, mar dy hawwe it troch dy marketing ek allegear dreech krigen", sa giet hy fierder.

Tips foar Knops

Hendriks hat noch wol in tip foar steatssekretaris Knops: dat it wichtich is om nei spesjalisearre beurzen te gean. "Of it jild stekke yn de online-marketing, of datst in ynternasjonale beurs foar in kear yn Ljouwert, Oldenburg of Leer organisearrest. In soad bedriuwekontaktdagen op poaten sette, dat liket my wol sinfol."
Albert Hendriks, direkteur fan Fryslân Holland Travel Service