Earste besikers foar Talma Hûs yn Feanwâlden: "Ik bin hiel bliid dat ik mem wer sjoen ha"

13 maaie 2020 - 13:18

It wie acht wiken lyn dat Nelly Tijtsma har mem foar it lêst seach. Se hie doe gewoan ôfskied naam, omdat se har gau wer sjen soe. Mar dy belofte koe se net wiermeitsje. It Talma Hûs yn Feanwâlden, dêr't har mem ferpleegd wurdt, gie op slot fanwegen de coronakrisis. No nei acht wiken mei Nelly Tijtsma wer nei binnen. Mei in mûlkapke en in skort foar. Om sa trije kertier mei har mem oan ien tafel te sitten en har wer rjocht yn de eagen te sjen.

"Ik hie in foto mei fan mysels," seit frou Tijtsma. "Dat is nedich om't se my oars miskien net weromken." By de besite yn it Talma Hûs jilde strange regels. Earst moat de besite troch in slûs dêr't se allegear fragen beäntwurdzje moatte. Se krije in mûlkapke en moatte har hannen ûntsmette. Ek wurdt de temperatuer opmetten.

Thea Dijkstra is regiomanager fan Elkander: "It mûlkapke is binnen ferplicht, de skelk net. We biede it al oan, want it kin wêze dat ús bewenner de besite in krûp jaan wol."

Tijtsma is bliid dat se as earste útkeazen is. "Je kinne byldbelje of yn in soarte fan 'babbelbox' sitte, mar dat past net by mem. Dit al en dêrom bin ik o sa bliid no."

Foto: Elkander

Nelly Tijtsma is trije kertier binnen. As se bûten komt, is se ferromme: "Ik bin hiel bliid dat ik har wer sjoen ha. It wie echt in moaie ûnderfining. Se is al wat ôffallen, mar dat heart by it proses dat se hat." De foto dy't se mei hie wie al nedich: "Se moast earst goed sjen, mar se waard al gau in stik rêstiger. De beskermjende klean fûn se allegear mar ûnsin."

Soad oanmeldingen

Foar it Talma Hûs is dit wer in earste stap yn de rjochting fan mear besite. Foarearst kinne se sân minsken deis ûntfange. Dat kin útwreide wurde nei maksimaal 14. Thea Dijkstra: "We ha al in soad oanmeldings binnen, fannemoarn al 65. De kommende oardel wike sitte we no fol."

It Talma Hûs docht mei oan in lanlike proef. It ferpleechhûs fan KwadrantGroep is ien fan de earste 25 ferpleechhûzen dy't foarsichtich wer mear besikers ta litte. De 137 bewenners meie fan woansdei ôf elk ien fêste persoan op besite krije. As de foarsichtige besiteregeling goed wurket, is it de bedoeling dat mei yngong fan 25 maaie mear ferpleechhûzen beheind besite talitte. It kabinet nimt hjiroer noch in definityf beslút.

(advertinsje)
(advertinsje)