GGD: al tsien dagen gjin nije stjergefallen as gefolch fan corona meld

Yn de ôfrûne 24 oeren binne gjin nije stjergefallen meld by de GGD. It is de tsiende dei op rige dat der gjin nije stjergefallen meld binne. It tal stjergefallen as gefolch fan it coronafirus bliuwt sadwaande stean op 63. Der binne fiif gefallen fan besmetting mei it coronafirus oan it ljocht kaam. It tal besmettingen komt dêrmei op 569.
GGD Fryslân © GGD Fryslân
De GGD aktualisearret de sifers fan posityf teste persoanen en minsken dy't stoarn binne alle wurkdagen om 12.00 oere.
De sifers fan de sikehûsopnamen wurde tenei noch mar trije kear yn de wike meld, op moandeis, woansdeis en freeds.
De sifers oer de ferpleech- en fersoargingshuzen wurde ien kear yn de wike, op freed, aktualisearre.