Provinsje lûkt 20 miljoen euro út foar spesjaal coronabudzjet

13 maaie 2020 - 12:37

As earste provinsje fan Nederlân komt Fryslân mei in ekstra coronabudzjet fan 20 miljoen euro. Mei dy sinten moat bygelyks in blockbuster opset wurde by de Fryske musea, in grutte útstalling om wer toeristen nei ús provinsje te lûken, sa gau't dat wer kin. Dat hat deputearre Sander de Rouwe dizze woansdei bekendmakke by de presintaasje fan de kadernota mei dêryn de finansjele plannen foar de kommende tiid.

"It Ryk lûkt miljarden út yn dizze tiid fan ynternasjonale en nasjonale krisis, mar de gemeenten en provinsje moatte ek wat dwaan", seit deputearre Sander de Rouwe. "We ha de lêste wiken drok dwaande west mei de útfiering fan maatregels, mar no wolle we boppe-op it besteande jild dus de kommende moannen de miljoenen ekstra útjaan."

De kommende tiid moatte de plannen fierder útwurke wurde. "Fiif miljoen is foar de koarte termyn en op de lange termyn de fyftjin miljoen. Yn de Fryske ekonomy sjogge we by krisissen faak dat it wat letter komt, dat is posityf, mar it negative dêroan is dat we der ek wer letter útkomme. It duorret langer foardat we der wer boppe-op komme. Mei dit jild wolle we maatregels nimme sadat we sjen litte kinne oan toeristen dat hjir wat moais bart, mei bygelyks blockbusters yn de musea, en se sa lûke."

Ek komt der jild om ûndernimmers te helpen. "As bedriuwen omfalle, kinne meiwurkers mei help fan it UWV en de gemeenten troch opliedingen in oar fak leare en sa wer by in oar bedriuw oan de slach."

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Deputearre Sander de Rouwe

(advertinsje)
(advertinsje)