De Fytsalvestêdetocht giet wol troch dit jier; firtueel op de hometrainer

13 maaie 2020 - 12:00

Gjin skûtsjesilen, gjin Slachtemaraton en gjin festivals, mar de Fytsalvestêdetocht giet dit jier wol troch. Hoe dat kin? De organisaasje komt mei in firtuele edysje. As je meidwaan wolle, hawwe je in fyts nedich dy't oansluten wurde kin op spesjale software. Mei in sensor nimt dat programma de fytser mei yn de rûte.

It idee foar de firtuele Fytsalvestêdetocht komt fan Makkumer Nout Wallis de Vries. Hy hat de tocht al 15 kear riden en woe gjin edysje oerslaan. Dêrom socht hy nei in oplossing. "Ik wil de Fietselfstedentocht 50 keer rijden. Op jonge leeftijd bedenk je zoiets. Dus het kan niet zo zijn dat ik dit jaar moet overslaan."

Doe't Wallis de Vries kontakt opnaam mei Stephan Rekker fan de Fytsalvestêdetocht mei syn idee foar in firtuele tocht, wie Rekker fuort entûsjast. "Der gean in protte eveneminten net troch, begryplik. Mar mei it idee fan Nout kin dit wol trochgean. Dus op 1 juny fytse we 235 kilometer op de hometrainer."

Foto: Omrop Fryslân

Op in skerm

Meidwaan betsjut dus in fyts yn de wenkeamer, sliepkeamer of yn de tún. Op in skerm sjochst dysels fytsen mei de oaren dy't mei dy yn de groep starte. De wjerstân fan it achtertsjil wurdt bepaald troch de software. As je berchop gean, krije je it swierder en berchôf krije je it makliker. Dus ek goed om sa no en dan ôf te wikseljen fan kopman of -frou.

De firtuele tocht kin mei maksimaal 50 minsken tagelyk riden wurde. Bedoeling is dat elkenien om 05.00 oere start. By elke stêd krijst fiif minuten skoft om eefkes wat te iten of om nei it húske te gean.

Want de Elfstedentocht doe je voor de gezelligheid, het is toch een toertocht.

Nout Wallis de Vries

In oare rûte

Spitigernôch hat de software dy't de organisaasje brûkt net de rûte fan de Fytsalvestêdetocht sels, je krije in oare omjouwing te sjen. "Nee, helaas fiets je niet de echte Elfstedenroute. Daarom wil ik mensen die in groepen meedoen, aanraden om een extra scherm of tablet ernaast te zetten. Zodat je met een beeldverbinding contact kunt hebben met elkaar. Als je dat met een groepje mensen doet, denk ik dat je een fantastische dag zal hebben."

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Fia de mail kinne dielnimmers in stimpelkaart krije, sadat se foar de belibbing thús ek stimpelje kinne. De dielnimmers krije gjin echt alvestêdekrúske as se de tocht hielendal útride. Dêr betinkt de organisaasje noch wat op.

Ynteraktyf fytse

Mar is it dan wol aardich om it te dwaan? Wallis de Vries: "Echt leuk is de Elfstedentocht in de buitenlucht fietsen. Maar ik denk dat dit een mooi alternatief is. Iedereen over de hele wereld kan meedoen. Het is heel interactief." Dêrneist is Wallis de Vries fan doel om de tocht like echt te meitsjen. Hy sil om 04:00 oere fan bêd ôf, him oanklaaie, broadsjes smarre en de software opstarte, sadat er om 05:00 oere starte kin. "En die vrouw die in Sloten met een pan macaroni komt aanzetten, dat wil ik nog steeds. En ik vraag ook mijn kinderen om af en toe eens de joelen en te schreeuwen als ik aan het fietsen ben. Want de Elfstedentocht doe je voor de gezelligheid, het is toch een toertocht."

Sportive prestaasje

Ek Stephan Rekker tinkt der sa oer: "Nee, de echte Fytsalvestêdetocht bûten is fansels de âldermoaiste. De belibbing, de wyn, de minsken, de frijwilligers, alles. Mar dit is ek in hiele sportive prestaasje, want 235 kilometer op de hometrainer, dat falt ek noch wol ôf."

Foar Rekker hat ek elk neidiel syn foardiel. Hy kin dit jier wer ris sels meidwaan yn stee dat er de organisaasje dwaan moat. "Ja ja, ik doch mei dit jier. Op de hometrainer."

Minsken dy't dizze edysje in startkaart kocht hiene, krije in mail fan de organisaasje om mei te dwaan. Oare minsken dy't meidwaan wolle, kinne ynformaasje fine op de webside fan de Fytsalvestêdetocht.

(advertinsje)
(advertinsje)