Sneltrein tusken Ljouwert en Grins kriget ekstra stopplak

13 maaie 2020 - 11:28

De ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins kriget in ekstra stopplak. De sneltrein soe earst ien stopplak ûnderweis krije, mar nei oerlis is besletten om in ekstra plak ta te heakjen. De wachttiid dy't ûntstiet troch it inkelde spoar wat tusken Ljouwert en Grins leit, kin brûkt wurde troch op in ekstra stasjon stil te stean.

In trein fan Arriva op it stasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

Nei ûndersyk liket it de provinsje de bêste opsje om stopplakken op stasjon Feanwâlden en Súdhorn ta te heakjen. Elk oere rydt de earste sneltrein fan Ljouwert, fia Feanwâlden en Bûtenpost, nei Grins. De twadde giet fia Feanwâlden en Súdhorn nei Grins.

Tiidwinst studinten

Yn Feanwâlden sille de measte buslinen oanslute op de treintsjinstregeling. Foar studinten dy't fan Ljouwert nei it Zernikekompleks yn Grins moatte, soarget de ekstra tuskenstop yn Súdhorn foar in kertier tiidwinst.

De ekstra sneltrein sil fan 13 desimber dit jier ôf yn gebrûk nommen wurde.

Trefwurden: 
Ljouwert trein Arriva
(advertinsje)
(advertinsje)