Jonkman ferlit strjitfestival

13 jul 2012 - 09:03

Immie Jonkman hâldt op as projektlieder fan it Frysk Strjitfestival. Jonkman hat fjouwer jier lieding jûn oan it festival. Neffens harsels is it no tiid om it stokje oer te dragen. It Frysk Strjitfestival wurdt alle jierren yn it lêste wykein fan maaie hâlden yn it sintrum fan Ljouwert.

Projektlieder Magret Havinga fan !UIT sil de taken fan Jonkman oernimme. Jonkman is ek bekend as projektlieder fan it Jorwerter iepenloftspul en de Slachtemaraton.

(advertinsje)