Talant op besite by gemeente

13 jul 2012 - 08:12

De gemeente Kollumerlân krijt nije wike in groep bewenners fan soarchynstelling Talant op besite. De kontakten mei de groep ûntstiene yn maart, doe't de wethâlders Boerema en Visser de groep as frijwilligers begelieden yn it ramt fan NL Doet. Der waard doe in besite brocht oan it Ot en Sien museum yn Surhústerfean. De groep joech dêrby oan graach ek in kear op it gemeentehûs sjen te wollen. Dat wurdt nije wike tiisdei dien. Der stiet ûnder oare in rûnlieding op it programma.

Trefwurden: 
Talant Kollumerlân
(advertinsje)