Weryndieling Bilt mei útsocht

It gemeentehûs fan It Bilt yn Sint-Anne © Omrop Fryslân
De gemeenteried fan It Bilt is tongersdei akkoart gongen mei in opdracht oan it kolleezje om de mooglikheden foar in weryndieling yn Noardwest Fryslân fierder te ûndersykjen. Dat betsjut dat boargemaster en wethalders fan It Bilt prate meie mei Menameradiel, Frjentsjerteradiel, Harns en Ljouwerteradiel oer in mooglike fúzje. It weryndielingsûndersyk helle in romme mearderheid. Fan de 15 riedsleden stimden allinnich de Frije Bilkerts en ien lid fan de Werkgroep Het Bildt tsjin. Sy hawwe grutte muoite mei it ferdwinen fan de eigen gemeente.
De Frije Bilkerts woene graach earst witte wat de ynwenners wolle, mar de mearderheid wol earst mear dúdlikheid hawwe oer de mooglikheden foar in fúzje yn Noardwest Fryslân.