Strânoergong Bueren klear

12 jul 2012 - 22:23

De wurksumheden oan de strânoergong by Bueren op It Amelân binne sa goed as klear. Nije wike tongersdei wurdt de fernijde oergong offisjeel iepene troch deputearre Tineke Schokker. Oan it opknappen fan de oergong is fjouwer moanne wurke en it hat goed 60.000 euro koste.

It wurk wie noadich om't de oergong bot fertutearze wie. Neist de oergong wurdt ek it nije strânpaviljoen 't Strandhuys iepene.

Trefwurden: 
Amelân strânoergong Bueren
(advertinsje)