Staal wint skripsjepriis

12 jul 2012 - 22:14

It Ljouwerter riedslid foar de PvdA en studint bestjoerskunde oan de NHL, Jelmer Staal, hat woansdei de earste Thorbecke skripsjepriis krigen. De sjuery is bot te sprekken oer syn ûndersyk nei boargerpartisipaasje yn Súdwest-Fryslân. Lof wie der ek foar de kwaliteit fan de rapportaazje en de heldere skripsje.

Oan de Thorbecke skripsjepriis is in sjek fan 250 euro ferbûn. De 26 jierrige Staal kin no ek in spesjaal trainingsprogramma folgje.

(advertinsje)