Mollema: 'Lichem woe net mear'

'Mijn lichaam wilde niet meer', sei Bauke Mollema tongersdei nei ôfrin fan de alfde etappe fan de Tour de France. Op de beklimming fan de Col de la Madeleine, in berch fan de bûtenkategory, moast Mollema ôfstappe. Woansdei hie de Ljouwerter ek al in swiere dei hân, sei hy sels.
Mollema rekke, lykas in soad oare fytsers, yn 'e earste wike fan de Tour ferwûne by in falpartij. Mollema hie dêr in soad lêst fan. 'Mijn lichaam had daardoor heel veel energie nodig.' Westra en Ruijgh stapten tongersdei ek ôf. 'Pure pech,' seit Mollema dêroer.