Fûns helpt Oud Harlingen

12 jul 2012 - 20:59

In nij juridysk fûns moat de feriening Oud Harlingen helpe de histoaryske gebouwen yn de stêd better te beskermjen. No wurdt de feriening by wurksumheden oan de gebouwen faak wol op de hichte hâlden, mar mei harren beswieren wurdt net altyd wat dien. As se dan fia de rjochter in ferbouwing besykje te kearen, binne se faak te let.

It fûns moat harren de finansjele middels jaan om in advokaat yn te hieren dy't altyd yn te setten is. Dy moat dan de rinnende beswieren yn de gaten hâlde. Donateurs moatte soargje dat der jild yn it fûns komt.

Trefwurden: 
Harns Oud Harlingen
(advertinsje)