Westra: 'Djip teloarsteld'

12 jul 2012 - 20:57
  • Lieuwe Westra

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is djip teloarsteld dat hy tongersdei ôfstappe moast yn de 11e etappe fan de Tour de France. 'Ik woe sa graach sjen litte wat ik koe,' wie syn kommentaar nei ôfrin. Westra seit dat hy tefolle lêst hie fan ferwûnings oan syn heup dy't hy yn de earste wike fan de Tour oprûn by in massale falpartij. Westra hopet no gau te werstellen, sadat hy oer in pear wike klear is foar de Olympische Spelen. Freed hopet Westra wer thús te wêzen.

De stimming yn de ploech fan Vacansoleil wie nei ôfrin net al te bêst, liet Westra witte. Vacansoleil rekke tiisdei ek de Nederlanner Ruijgh en de Sweed Gustav Larsson kwyt.

(advertinsje)