Nije eigener Van Harenstsjerke

12 jul 2012 - 20:17

De Van Harenstsjerke yn Sint Anne giet oer nei de Stichting Alde Fryske Tsjerken. De Van Harenstsjerke is boud yn 1683 en is it earste foarbyld fan sintraalbouw yn Fryslân. De protestantske gemeente yn Sint Anne koe it ûnderhâld net langer opbringe en woe fan it bysûndere gebou ôf.

Om it ûnderhâld te bekostigjen sille der yn de takomst tal fan aktiviteiten yn de tsjerke organisearre wurde. Sa sil der ûnder oare in soad omtinken wêze foar Rembrandt en Saskia, sa seit direkteur Bakker fan de stifting Alde Fryske Tsjerken.

(advertinsje)