Ein Cradle to Cradle Island

12 jul 2012 - 18:44
  • Deputearre Hans Konst oer Cradle to Cradle Island
  • Goutum krijt ek in Cradle to Cradlehûs

Yn Ljouwert is tongersdei in ein kaam oan it Cradle to Cradle-eilân projekt. Yn it projekt wurkje tsien eilannen fan lannen om de Noardsee hinne gear op it mêd fan enerzjy en duorsumens mei as doel om selsfoarsjennend te wurden.

Der binne nijsgjirrige projekten útfierd op ûnder oare It Amelân. Wetterbedriuw Vitens hat dêr in tige miljeufreonlik fakânsjehûs delset mei ûnder oare in tige sunige dûs en droege húskes. De ûnderfinings mei dit hûs binne sa goed dat der neffens it bedriuw mear fan sokke húskes komme kinne.

It Cradle to Cradle-eilânprojekt waard de ôfrûne jierren betelle troch de Europeeske kommisje, mar dy hâldt der no mei op. Likegoed sille de kontakten tusken de eilannen en belutsen hegeskoallen en universiteiten bliuwe, sa waard yn Ljouwert ôfpraat. Under oare de NHL en de universiteiten fan Delft en Aalborg (Denemarken) wolle graach trochgean mei projekten op it mêd fan duorsumens op eilannen. Cradle to Cradle Islands sprekt ek ynternasjonaal ta de ferbylding. Ek mei in pear Amerikaanske eilannen yn de steat New York en mei Australië binne waarme kontakten opboud.

De Cradle to Cradle-projekten beheine har net ta de eilannen. Ek it tige miljeufreonlike Goutumer nijbouplan It Grien waard yn it sintsje set. Yn dit plan wurdt de kommende hjerst de earste peal slein fan in folslein enerzjyneutrale wente.

(advertinsje)