It Amelân krijt picknick-doaze

It Amelân krijt in eigen miljeufreonlike picknick-doaze mei allinnich Amelanner produkten. Dizze picknick-experience sit yn in doaze fan kurk mei dêrop de Amelanner fjoertoer. De picknick-doaze waard tongersdei presintearre op de slotkonferinsje fan it Cradle to Cradle Islandsprojekt yn Ljouwert.
De Amelanner picknick-doaze is mei yngong fan augustus te krijen by de fiskboer yn Nes. Yn de doaze sit dan bôle mei fisk of tsiis, Amelanner bier of cranberrysop en Amelanner koeke. It giet yn earste ynstânsje om in eksperimint.
Cradle to Cradle Islands is in Europeesk projekt dêr't eilannen fan lannen om de Noardsee hinne ûnderfinings yn útwikselje om duorsumer en griener te wurden. Foar Fryslân die It Amelân oan it projekt mei. Der wiene op de slotmanifestaasje mear miljeufreonlike útfinings te bewûnderjen, lykas in elektryske frachtfyts, dy't ek proefdraaid hat op It Amelân en in enerzysunige dûs fan wetterbedriuw Vitens. De dûs is ek op It Amelân set en sil de kommende tiid ek pleatst wurde yn studintekeamers yn Ljouwert.