Boeren SWF krije selde regels

12 jul 2012 - 17:27
  • Sicco Hylkema fan de ôfdieling SWF fan LTO-Noord
  • Wethâlder Gea Akkerman fan SWF

Yn Súdwest-Fryslân moatte gau deselde regels komme foar boeren mei útwreidingsplannen. No mei in boer bygelyks yn de eardere gemeente Nijefurd syn stâlen, de kuilbult, de foersilo en it terrein dêromhinne minder grut meitsje as in kollega yn de âlde gemeente Wûnderadiel. Sa binne der mear ferskillen en dat is net logysk, fynt LTO-Noord.

De gemeente seit ta dat der gau wurk makke wurdt fan it lyklûken fan de regeljouwing. De gemeente wol eins ien bestimmingsplan opsette foar it hiele bûtengebiet, mar krijt dat op koarte termyn net klear.

Dêrom wurde earst de âldste plannen by de tiid brocht, sadat Súdwest-Fryslân yn elts gefal wer oan de regels fan it ryk foldocht.

Trefwurden: 
LTO pleats boer regels foersilo
(advertinsje)