Fiersicht Stekjenetwurk klear

12 jul 2012 - 17:16
  • Harkje nei de reportaazje

It Stekjenetwurk is klear. Alle tolve bankjes, betocht troch keunstners, steane te plak op moaie plakjes by ûnder oare De Westereen, Ternaard, Wânswert , Feanwâlden en Tytsjerk. It bankje by dat doarp is sels al ferkocht oan in museum út Amearika, mar it bliuwt wol yn park Vijversburg stean.

Der is twa jier wurke oan it stekjeprojekt, dat ea betocht is foar it provinsjale projekt Fiersichten. De keunstners mochten plannen foar bankjes ynstjinje, in kommisje makke de kar. It moast passe yn de omjouwing en der moast in ferhaal by.

Tongersdei waard it lêste stekje offisjeel yn gebrûk naam. By Eastermar.

(advertinsje)