Foarsizzings keare toeristen

12 jul 2012 - 17:00

Fryske attraksjeparken sizze bot lijen te hawwen fan ferkearde waarberjochten. Dêrtroch soene se tûzenen euro's deis misrinne. As der min waar foarsein is, bliuwe de besikers fuort, ek al skynt de sinne. De ûndernimmers pleitsje foar spesifikere waarberjochten.

It sit de rekreaasjesektor dwers dat de lêste dagen in soad reinwetter foarsein is, wylst it op dy dagen yn harren parken betiden moai waar is. Bistepark Aqua Zoo yn Ljouwert en it Kameleondoarp yn Terherne fine dat de waarfoarsizzings presizer kinne.

Trefwurden: 
waar toeristen
(advertinsje)