Pearse auto útbaarnd yn Mearum

auto © Plysje Grinslân
De opfallende pearse auto dy't de plysje nei de moard yn Mearum yn Grinslân tiisdei socht, hat nea yn Fryslân west. Tongersdei hat de plysje bekend makke dat de auto útbaarnd fûn is yn Mearum. De auto is sa bot skansearre dat net fuortendaliks dúdlik wie dat dit de auto wie dy't socht waard.
Yn Mearum waard tiisdei om in oere as 7 in 40-jierrige ynwenner foar it swimbad delsketten. Dêrnei die de plysje op Burgernet, Twitter en oare media û.o. yn Fryslân de oprop om út te sjen nei de pearse auto mei gouden letters en in Belgysk nûmerboerd.
Neffens tsjûgen wie de dieder mei de auto útnaaid. De auto is begjin dizze moanne stellen yn Wezep. De plysje siket noch altyd nei de bestjoerder. It soe gean om in man mei in donkere hûd en kroeshier.