Kollum: "Wardenier"

13 maaie 2020 - 08:43

"Je soene it hjir no hawwe moatte oer it bestjoer fan de Slachtemaraton, dat de ynskreaune minsken mar foar de helte werom betelje wol. En dan is it net iens wis oft se de oare kear wol meidwaan meie. Unfreonlike arrogânsje. Of je soene it hawwe kinne oer Yntze de Vries, de man dy't de polityk feroarje soe yn Smellingerlân. Dat hat hy dien, it is no folslein ûnbestjoerber. Of oer it provinsjaal bestjoer wat ús ta klikspanen meitsje wol oer it Frysk, krekt of wurdt dat better as de provinsje dan elk op 'e flikker jout.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Myn tinzen giene lykwols nei de haadtribune fan it âlde stadion fan Hearrenfean. By de sintrale opgong stie yn de 70-er jierren in suppoast. Hy hie noch gjin opfallend heske oan, gewoan in lange jas. Hy hie it net sa op sjoernalisten, mar ik krige wol elke kear in freonlik wurdsje. Soms ek in ferhaaltsje; dat gie altyd oer dat it âlde Hearrenfean fan Abe better wie as it Hearrenfean fan doedestiids.

Der kamen in kear wat bolbjirken lju de tribune op. Foardat je wat sjen koene, hie dy suppoast in rubber kneppeltsje út syn lange jas skuord. Ferbean, mar hy sloech der omraak mei. Frjemd, sa'n agresje. Dus ik frege ris, wa is dy suppoast. Wardenier! Kenst dat ferhaal net? En doe krige ik it ferhaal fan Wardenier syn heit.

Dy kaam fan Stjinwikerwâld, wenne letter yn Wolvegea. Yn 1934, hy wie doe 22, soe hy dêr de brânstofleaze automotor útfûn ha. In soad lju hellen de skouders op, mar dat wie oer doe't bliken die dat Philips dy motor bouwe soe. Yn it fabryk yn Wolvegea. Wardenier hie mei wethâlder Muurling grutte plannen. Dy wiene ynienen oer. De boargemaster sette Wardenier yn Frjentsjer. En Wardenier syn motor en de tekeningen dêrfan waarden stellen.

De dokters seine lykwols dat him neat oan de harsens mankearre. Wardenier kaam thús. En hy hat nea wer in slach dien. Neffens de ferhalen hat Philips him altyd rynsk betelle. Sa wie dan in gefaarlike fijân fan de oalje- en benzinefrettende auto oan 'e kant. Wardenier hat der nea wer oer praat.

Syn soan ek net. Dy hold him stil doe't ik der in kear nei frege. "Niet voor journalisten", sei er, en prate oer Abe. Ik tink dat se yn de húshâlding Wardenier in soad lêst fan sjoernalisten hân ha. Muurling is ek altyd stil bleaun. De skiednisskriuwers hawwe net folle mear ûntraffelje kinnen as wat ik jim no fertel. It bliuwt dus in ferhaal. Mei in hiel soad fraachtekens.

Miskien wurdt it no oplost. Want ferline wike sloech de âld-Boalserter Willibrordus van der Weide op deselde trommel. Hy hat de motor fan Wardenier wer nij libben ynblaasd. Hy sei derby dat Wardenier syn motor ek net brânstofleas wie, je moasten der wol wat ynsmite. Van der Weide, dy't no yn Arnhem tahâldt, en al bekend wie fan syn útfiningen oangeande de suvel en plantaardige oalje en sa, hat tegearre mei in Oekraynse technikus in Wardeniermotor makke.

Witte jim wêr't dy motor op rint? Stront! Yn stront sitte neffens him allegear heechweardige produkten dêr't genôch enerzjy útkomme kin om der in motor op rinne te litten. Dêr lit ik it by, want ik ha gjin lover technysk ferstân.

Stront. Reedrider Hans van Helden dronk as hy siik waard syn eigen urine op. Dêr sitte anty-stoffen yn, sei hy. Ik ha my dizze coronakrisis wol ôffrege wêrom't doktoaren dat net foarskriuwe, mar miskien bart dat ek wol. Dat witte we net. We witte ek net oft Van der Weide syn ferhaal en motor wol doge.

Want ik moat der net oan tinke dat as aanst ús tank yn de auto leech is, we de auto oan de kant sette, der efkes yn skite en dat dy auto dan trochride kin. Of dat we it lân yn kuierje en oan de ko freegje oft sy efkes skite wol.

As it ferhaal fan Wardenier al doogd hat, hoopje ik net dat de oalje-yndustry no opnij soksoarte fratsen úthelje sil mei Van der Weide. Ja fansels, Van der Weide wol ek wol binnen wêze. Mar al dy jierren auto-yndustry op grûn fan oalje hat de wrâld der ek net better op makke. Dan moatte wy it mar mei stront besykje."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)