Debat oer eksamens: "Leerlingen weten dat het doorgaat, dat moet zo blijven"

13 maaie 2020 - 08:20

Yn Den Haag stiet dizze woansdei in spoeddebat op it programma oer it spesjaal ûnderwiis. Oanlieding is in skeel tusken minister fan ûnderwiis Arie Slob en de Twadde Keamer. De minister wol nammentlik dat learlingen yn it spesjaal ûnderwiis eineksamen dogge yn de foarm fan in mûnling eksamen, mar in mearderheid yn de Keamer wol dat net. Dy seit dat de learlingen in diploma krije moatte op basis fan de skoaleksamens, lykas yn it regulier middelber ûnderwiis.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Tiisdei tsjinnen twa Keamerleden in moasje yn wêryn't de minister frege waard om it eineksamen te skrassen. Yvonne Beishuizen fan RENN4, dat spesjaal ûnderwiis fersoarget yn de trije noardlike provinsjes, fynt dat dy aksje te let komt. Se is der dan ek net foar om de eineksamens ôf te sizzen.

"We moeten de lijn die ingezet is wel volgen", fertelt Beishuizen. "De leerlingen weten dat het nu wel doorgaat, en dat moet zo blijven. Ze zijn samen met docenten al hard aan het voorbereiden. Ga daarom gewoon door op de ingeslagen weg." Neffens har binne der ek grutte ferskillen tusken it spesjaal ûnderwiis en it regulier middelber ûnderwiis, benammen ek op it mêd fan toetsing. "Het gaat hier op een andere manier."

Ekstra begelieding en herkânsing

Om de kwetsbere learlingen fan it spesjaal ûnderwiis sa goed mooglik ta te rieden op harren eksamens, hat Beishuizen de ôfrûne wiken mei it ministearje neitocht hoe't se dat dwaan kinne. Derút binne ûnder oare ôfspraken foar ekstra begelieding en in ekstra mooglikheid ta herkânsing kaam.

De eksamens yn it spesjaal ûnderwiis stean yn prinsipe fan 25 maaie ôf op 'e aginda.

Yvonne Beishuizen

(advertinsje)
(advertinsje)