'Coronakeatsen' yn Minnertsgea, mar wol op oardel meter ôfstân

De earste maatregels yn de striid tsjin it coronafirus wurde ferromme, mar der kinne ek in hiel soad dingen noch net. Fuotbal bygelyks, of keatsen. Mar fan dat lêste tinke se yn Minnertsgea dat it wol kin. Tongersdeitejûn sette se dêr útein mei wat se sels 'coronakeatsen' neame.
© KV Minnertsgea
Foaropsteld, sa sizze se by keatsferiening Minnertsgea, it keatsen op de tongersdeitejûn is foar de lol. Mar de keatsers wolle wol wedstriden spylje kinne. En dus moasten der wat oare spulregels komme, seit betinker Jacob Wassenaar.
"Wy hawwe it fjild wat oars yndield, en it perk", sa fertelt hy. "Dat hawwe wy dien mei read-wite linen. As je dan net yn dy linen komme, dan tinke wy dat it mooglik is om op ôfstân te keatsen." Want, sa seit Wassenaar, "dy oardel meter is de ôfrûne moannen sa ynboargere, dat it wol slagje moat".

De spulregels fan it coronakeatsen:

Yn Minnertsgea hawwe se al oerlein mei de gemeente Waadhoeke. Dy hat tastimming jûn foar it eksperimint, dat tongersdeitejûn plakfine sil op de fjilden fan KV Minnertsgea.

Ek de KNKB?

It giet foarearst om keatsen binnen in feriening, mar betsjut dit no ek dat de KNKB ynteresse hat om de haadklasse op dizze wize te keatsen? "As it goed slagget, dan keppelje wy it werom oan it bûn. Mar om de haadklasse no sa te dwaan, dat wit ik net oft dat wol in goed plan is."
Wassenaar: "Der komme ek gjin tachtich minsken te keatsen. It sil mei fjouwer perken ophâlde. Sa kinne wy moai keatse, en dochs út elkoar bliuwe."
Jacob Wassenaar