MCL hat omsetferlies fan 40 miljoen euro, reguliere soarch no op heale krêft

13 maaie 2020 - 09:19

It sikehûs MCL yn Ljouwert hat troch it fuortfallen fan de reguliere soarch fanwegen it coronafirus oant no ta in omsetferlies fan goed 40 miljoen euro. Op koarte termyn smyt dat lykwols gjin problemen op, om't it MCL elke moanne in bedrach fan de soarchfersekerders kriget om de fêste kosten betelje te kinnen.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Wat de gefolgen op de langere termyn binne, moat ôfwachte wurde. "We hebben twee maanden een heel flink stuk van onze omzet niet gehad", fertelt Mostert. "Dat betekent een omzetderving van 40 miljoen euro. Dat is een heel flink bedrag, maar dat geldt natuurlijk voor heel veel sectoren."

De sikehuzen hiene it de ôfrûne moannen tige drok mei de coronakrisis yn ús lân. No't der alle dagen hieltyd minder pasjinten mei corona opnommen wurde yn it sikehûs, is it foar sikehuzen tiid om de reguliere soarch wer op te starten.

No op heale krêft

Neffens wurdfierder Mostert kin it sikehûs yntusken hast de helte fan de reguliere soarch wer oanbiede. "Het gaat eigenlijk heel goed. We hebben wel een boel extra maatregelen moeten nemen, voor zowel de patiënten als voor de medewerkers. Maar we kunnen inmiddels een veel substantiëler deel van de zorg weer aan. Dat is fijn."

Yn it MCL bepale doktoaren hokker pasjinten yn oanmerking komme foar in behanneling. Dat bart ûnder oaren troch bygelyks in spesjaal fideokonsult tusken spesjalist en pasjint te hâlden. Dat hat de ôfrûne wiken fansels foar lange wachtlisten soarge.

Efterstannen

De ôfdielingen dy't de grutste efterstân oprûn ha, binne neffens Mostert ortopedy, KNO, eachhielkunde en plastyske sjirurgy. "Dat is onvermijdelijk, maar heel erg naar voor de patiënten. Zodra de maatregelen hopelijk weer wat versoepeld worden, dat we daar dan ook weer een inhaalslag in kunnen maken."

It MCL draait dus noch net op folle krêft. Ek binne der noch ferskate maatregels fan krêft, lykas triaazje oan de doar, skieden rûten troch it gebou en minder stuollen yn de wachtkeamers. De wachtlisten soene de kommende tiid dus noch oprinne kinne.

Wurdfierder Frits Mostert

(advertinsje)
(advertinsje)