Autobestjoerder rekket swierferwûne op ôfrit A32 by Oranjewâld

13 maaie 2020 - 06:31

By in ûngelok op de ôfrit Oranjewâld fan de A32 is tiisdeitejûn de bestjoerder fan in auto slim ferwûne rekke. De automobilist kaam út de rjochting fan Wolvegea, rekke by de ôfrit yn 'e berm en sloech mei de auto oer de kop.

Foto: ProNews

De helptsjinsten kamen manmachtich te plak, wêrûnder de traumahelikopter. It slachtoffer waard in skoft behannele op it plak fan it ûngelok en dêrnei nei it UMCG-sikehûs yn Grins brocht. De ôfrit wie oeren ticht fanwegen it ûngelok.

Trefwurden: 
A32 Oranjewâld swierferwûne
(advertinsje)
(advertinsje)