Coronanijs 13 maaie: "Bioskopen net rendabel mei maatregelen"

13 maaie 2020 - 21:00

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Der binne yn Fryslân 63 minsken ferstoarn oan it firus, en der binne 564 besmettingen fêststeld;
  • Op de intensive cares yn Nederlân lizze op it stuit mear pasjinten sûnder it coronafirus as mei;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
  • Sjoch op de kaart foar de aktuele situaasje yn dyn gemeente.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

20:53
Gjin KNKB-wedstriden dizze simmer

It sil in stik stiller wurde op de Fryske keatsfjilden, no't de KNKB it beslút naam hat om dizze simmer alle offisjele KNKB-wedstriden te skrassen. It bûn makke it beslút woansdei bekend. Dit hat ûnder oare gefolgen foar de PC en de Freulepartij.

Lês hjir mear oer de gefolgen en de reaksjes op it beslút:

- KNKB nimt beslút: hiele simmer lang gjin offisjele keatswedstriden

19:46
Sokken foar de ferpleging
Foto: MCL

De ferpleechkundigen fan it MCL yn Ljouwert kinne tenei har tsjinsten dwaan yn hippe nije sokken. De meiwurkers krigen de sokken op de ynternasjonale Dei fan de Ferpleging. Op de spesjale MCL sokken stiet de tekst ' Je bent een Topper'. In tal meiwurkers fan de hert bewaking hie eefkes tiid om op in rêstich momint mei de nije sokken op de foto te gean.

Binne je benijd wat de meiwurkers fan de hartbewaking noch mear by de ein hawwe? Tsjek dan harren eigen instagram pagina.

19:21
Bioskoop net rendabel mei maatregelen

Bioskoopkonsern Pathé, mei ûnder oare twa fêstigings yn Ljouwert, sil oer goed twa wiken beheind de doarren wer iepenje foar publyk. It bedriuw is bliid dat it nei wiken fan stilte de besikers wer ûntfange kin, mar der is ek sprake fan in dûbel gefoel. "Natuurlijk is het beter dan niets, maar het is absoluut niet rendabel", seit Pathé-direkteur Jacques Hoendervangers.

De grutste bioskoopeksploitant fan Nederlân hat in protokol opsteld, wêryn't in tal rjochtlinen opnaam binne. Elk moat foarôfgeand oan de film online in reservearring meitsje en in ticket keapje, in meiwurker wiist dan de stuollen oan. Tusken húshâldings of duo's moatte minstens trije lege stuollen sitte, en efterinoar sitte is net tastien. Ek sille der minder films sjen litten wurde, om de tastream better regulearje te kinnen.

15:56
Undersyk nei plestik skermen yn auto's

De RDW (de tsjinst dy't auto's en rydbewizen registrearret) ûndersiket oft plestik skermen delset wurde kinne yn auto's en buskes, om sjauffeurs en passazjiers fan inoar te skieden yn ferbân mei it koronafirus.

It oanbringen fan in ôfskerming kin neffens de RDW neidielige effekten hawwe op bygelyks de bewegingsromte fan de bestjoerder, it útsjoch nei bûten, it blikfjild fia de spegels en de wurking fan de airbags.

14:45
Reisbranche falt om by jild werom

De Nederlânske reissektor falt om as klanten massaal harren jild werom freegje soene fanwege annulearre reizen troch it coronafirus. Mei dy warskôging komt de ANVR nei oanlieding fan in útspraak fan de Europeeske Kommisje.

Oant no ta joegen in soad reisorganisaasjes in voucher oan minsken dy't harren reis fanwege corona ôfsizze moasten. Mar de Europeeske Kommisje hat sein dat organisaasjes ferplichte binne om jild werom te jaan as minsken gjin voucher wolle.

De ANVR wiist derop dat touroperators al hûnderttûzenen reizen ôfsizze moasten troch corona. It is simpelwei net mooglik om klanten dêrfoar fuort werom te beteljen. "Dan valt de reisbranche om en staan er 20.000 mensen op straat. Uiteindelijk wil de consument toch op vakantie", seit in wurdfierder.

14:03
52 nije stjergefallen yn Nederlân; totaal 5.562

It RIVM hat 52 nije meldingen binnen krigen oer ferstoarne coronapasjinten. Yn totaal stiet it deadetal yn Nederlân dêrmei no op 5.562. Fan dizze minsken stiet fêst dat se besmet wiene mei it firus.

14:00
Earste besikers foar Talma Hûs yn Feanwâlden: "Ik bin hiel bliid dat ik mem wer sjoen ha"

It wie acht wiken lyn dat Nelly Tijsma har mem foar it lêst seach. Se hie doe gewoan ôfskied naam, omdat se har gau wer sjen soe. Mar dy belofte koe se net wiermeitsje. It Talma Hûs yn Feanwâlden, dêr't har mem ferpleegd wurdt, gie op slot fanwegen de coronakrisis. No nei acht wiken mei Nelly Tijsma wer nei binnen. Mei in mûlkapke en in skort foar. Om sa trije kertier mei har mem oan ien tafel te sitten en har wer rjocht yn de eagen te sjen.

Lês mear: Earste besikers foar Talma Hûs yn Feanwâlden: "Ik bin hiel bliid dat ik mem wer sjoen ha"

13:07
De Fytsalvestêdetocht giet wol troch dit jier; firtueel op de hometrainer

Gjin skûtsjesilen, gjin Slachtemaraton en gjin festivals, mar de Fytsalvestêdetocht giet dit jier wol troch. Hoe dat kin? De organisaasje komt mei in firtuele edysje. As je meidwaan wolle, hawwe je in fyts nedich dy't oansluten wurde kin op spesjale software. Mei in sensor nimt dat programma de fytser mei yn de rûte.

12:45
Provinsje lûkt 20 miljoen euro út foar spesjaal coronabudzjet

As earste provinsje fan Nederlân komt Fryslân mei in ekstra coronabudzjet fan 20 miljoen euro. Mei dy sinten moat bygelyks in blockbuster opset wurde by de Fryske musea, in grutte útstalling om wer toeristen nei ús provinsje te lûken, sa gau't dat wer kin. Dat hat deputearre Sander de Rouwe dizze woansdei bekendmakke by de presintaasje fan de kadernota mei dêryn de finansjele plannen foar de kommende tiid.

Lês mear: Provinsje lûkt 20 miljoen euro út foar spesjaal coronabudzjet

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
12:14
Gjin voucher mar jild werom, seit Europeeske kommisje oer loftfeart

Loftfeartmaatskippijen en reisorganisaasjes moatte dupearren fan in annulearre flecht fanwegen it coronafirus harren jild weromjaan, as dy passazjiers gjin voucher wolle as kompensaasje. De kar foar in finansjele fergoeding is it rjocht fan de dupearde, seit de Europeeske kommisje. Minister Van Nieuwenhuizen en alve Europeeske kollega's fregen ferline moanne yn Brussel om it tastien fan 'coronavouchers'. It soe Air France-KLM bygelyks mear as trije miljard euro kostje as minsken manmachtich harren jild weromfreegje soene.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)