Noed oer minsken dy't neat of min sjogge: grutter isolemint troch coronamaatregels

12 maaie 2020 - 22:41

Minsken dy't min sjogge of blyn binne, driigje troch de coronakrisis yn in grutter isolemint te reitsjen. Wa't neat of min sjocht, hat faaks help nedich yn winkels of om bygelyks plak te sykjen yn it iepenbier ferfier. Op it stuit in oar by de earm nimme, is der net by. Ek is der net in soad begryp as de blinestôk by ûngelok immen rekket. Lida Stokkel fan Oogvereniging regio Fryslân pleitet foar mear begryp.

Foto: ANP

Normaal holpen winkelmeiwurkers wol mei it boadskipjen, mar no fernimme blinen en minsken dy't min sjogge dat dat net mear kin. Minsken doare in oar net mear by de earm mei te nimmen. In soad leden fan de Oogvereniging moatte mei it gesicht hiel tichteby in produkt komme, om it etiket lêze te kinnen. Se krije dêr tsjintwurdich krityk op: "Kan dat niet anders, blijf er met je handen vanaf."

Lida Stokkel is sekretaris fan Oogvereniging regio Fryslân. Sy krijt de lêste wiken in soad mailtsjes fan besoarge leden. "Winkelpaden zijn vaak vrij smal en als er dan per ongeluk met de stok tegen iemand zijn been aangetikt wordt, wordt er al gauw opgemerkt van: 'Anderhalve meter afstand, hè!' Boadskippen online bestelle is meastal ek gjin opsje as je blyn binne.

Stickers en linen sjogge se net

De nije rûtes dy't oeral úttekene en útline wurde yn winkels, op strjitte en perrons binne foaral fisueel ynsteld. Stokkel: "Die stickers die ze op perrons gaan plakken voor rechtdoor lopen en dergelijke, die zien blinden en slechtzienden natuurlijk helemaal niet. En ook de lijnen die ze trekken, zien ze niet!"

It wurdt sadwaande hiel dreech foar har om nei de winkel te gean. Ek omdat it iepenbier ferfier hielendal fuortfalt. De WMO-taksy en de Valys-taksy ride net mear nei sosjale gelegenheden neffens Stokkel. "Eén lid van ons heeft een kennis die de administratie voor hem doet. Hij belt het WMO-vervoer of ze hem daarheen willen brengen en ze zeggen: 'Nee, dat doen we niet.' Dus die man kan zijn hele administratie niet doen. Hij weet zijn banksaldo niet eens en is helemaal in paniek."

Mear begryp

Lida Stokkel pleitet foar mear begryp en dat der mear rekken hâlden wurde kin mei minsken dy't mei in blinestôk rinne. Minsken kinne net ynskatte hoefolle immen noch sjocht. Dat is neffens Stokkel it grutte probleem. Se binne selsstannich en rêde har sa goed yn bygelyks winkels en op perrons, dat dat harren falkûle wurden is. Stokkel: "Vanmiddag had ik iemand aan de telefoon die zei: 'We gaan weer helemaal terug naar af, net zoals het was voordat het toegankelijk werd gemaakt.' En ik denk: ja, daar heb je ook gelijk in."

Sekretaris Lida Stokkel fan Oogvereniging regio Fryslân 

(advertinsje)
(advertinsje)