Basisskoalle Reitsum te keap set, doarpshûsbestjoer is der "hielendal klear foar"

12 maaie 2020 - 21:02

Basisskoalle De Flieterpen yn Reitsum, dy't ôfrûne simmer definityf tichtgie, is tiisdei troch de gemeente Noardeast-Fryslân te keap set. It gebou moat in maatskiplike funksje krije, mar de gemeente stiet ek iepen foar in kombinaasje fan wenjen en wurkjen of lytse bedriuwen.

Foto: Google Streetview

Yn de advertinsje is te lêzen dat de gemeente op syk is nei ûndernimmende minsken dy't de eardere basisskoalle in nije en goede ynfolling jouwe kinne. It bestjoer fan doarpshûs De Fjouwer yn Reitsum wol it gebou al sûnt in jier oernimme en der in nij doarpshûs fan meitsje.

Neffens foarsitter Oane Sierksma fan doarpshûs De Fjouwer is dat nedich, om't it âlde doarpshûs ferâldere en se ha soms lûdsoerlêst fan it bêd en brochje derneist. "Dus we seinen: dit is de kâns!" It bestjoer fan it doarpshûs wist fan neat dat de basisskoalle tiisdei te keap set wurde soe. "We hiene tocht dat it nei de simmer wurde soe, dus it wie foar ús ek in ferrassing."

"Foar alles better"

De eardere basisskoalle hat in soad foardielen, seit Sierksma. "It is moai nij, it is 14 jier âld, en it stiet moai sintraal by it sportfjild en alles. It is feilich foar de bern, want der is in plein foar. It is foar alles better."

Se ha noch net in bod klear, mar steane yn de startblokken en binne drok dwaande mei in bidbook. "We dogge al hast krekt as is it fan ús, want sa binne we oan de gong. In protte oeren sitte deryn. De tekeningen en de plannen binne klear, en de subsydzjes wurde oanfrege. Wy binne der hielendal klear foar."

Oane Sierksma fan doarpshûs De Fjouwer yn Reitsum

(advertinsje)
(advertinsje)