Hoareka bliid mei nije rjochtlinen: "Een lichtstraaltje achter die donkere wolk"

12 maaie 2020 - 18:51

De Koninklijke Horeca Nederland hat de konkrete rjochtlinen foar in besite oan hoareka bekend makke. De maatregels jilde fan 1 juny ôf foar alle hoarekasaken. Corné van de Erve, foarsitter fan de Koninklijke Horeca yn Fryslân is bliid mei it nije protokol.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Neffens de nije rjochtlinen sitst aanst mei maksimaal fjouwer minsken oan in taffeltsje. As dyn húshâlding út mear minsken bestiet, mei dat ek. Fierder is it ferplichte om te reservearjen, dat kin ek oan de doar, en wurde der foarôf fragen steld oer dyn sûnens. It personiel nimt de bestelling op oan tafel en betsjinnet dy ek wer. Nei de besite wurdt alles wer skjinmakke.

Van de Erve is optein oer de ferromming. "Daar zaten we als horeca wel een beetje mee. Hoe krijgen we die drankjes, al dat lekkere eten en de beleving weer een beetje terug in onze zaak? Met het protocol dat we nu hebben, kan dat. En dat is heel fijn. Dat is toch wel weer een lichtstraaltje achter die donkere wolk."

Dochs sil der neffens him noch gjin winst makke wurde. "Het is nog wel zo dat we dan 20 tot 30 procent van onze capaciteit kunnen benutten, maar onze vaste kosten blijven te allen tijde 100 procent. Nu maar hopen op veel mooi weer, zodat de terrassen gevuld kunnen worden."

Corné van de Erve, foarsitter fan de Koninklijke Horeca yn Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)